Area of Interest: Intergenerational communication
Skills: Writing
Competences: Discourse competence
Age Bracket: 6 – 10
Time Commitment: 30 – 60 minutes
Affordability: €
Materials:
Foarbyld elfje, pinne, papier
Expert recommendations:
Language: Frisian
Tarieding
De elfje-oefening yntegrearje yn dyn eigen syllabus: it kin brûkt wurde om in nij ûnderwerp / ienheid oan’e klasse foar te stellen of as aktiviteit om in ienheid ôf te sluten.
De opdracht kin der ek op rjochte wêze dat learlingen harren elfke skriuwe oer eat dat ferbân hâldt mei de minderheidstaal of – kultuer.
Stap 1:
Lis út wat in alveke-gedicht is.
“Elfje” (Nederlânsk), of “Elfchen” yn it Dútsk, binne de ferlytsfoarm fan it getal alve yn it Nederlânsk en Dútsk. It Elfje is in populêr gedicht op Nederlânske en Dútske basisskoallen.
Hoe sjocht de struktuer derút? In Elfke is in gedicht fan 11 wurden ferdield oer 5 regels. De earste regel hat 1 wurd, de twadde regel hat 2 wurden ensafuorthinne. De fiifde regel hat wer 1 wurd en fettet meastal it tema fan it hiele gedicht gear.
Learlingen tinke nei oer in ûnderwerp dat past by de opdracht fan de learkrêft / ferbân hat mei de minderheidstaal of – kultuer en riede it elfke foar yn [ minderheidstaal ].
Stap 2: Klassikale
De learlingen sille no har eigen elfke op kladpapier skriuwe, en ôfhinklik fan harren taalfeardigens kinne se harren gedicht earst yn de mearderheidstaal skriuwe. Dêrnei sille se it gedicht kreas yn de minderheidstaal skriuwe. Se kinne in wurdboek of online applikaasje brûke om wurden oer te setten.
Stap 3:
Lit de learlingen harren eigen gedicht oan de klasse foarlêze. Besprek de elfjes yn’e klasse: Wêrom hawwe de learlingen harren ûnderwerp keazen? Fûnen se it dreech om in elfke te skriuwen? Wêrom (net)?
Stap 4: Aktiviteit bûten it klaslokaal (yntergenerasjonele kommunikaasje)
Har húswurkopdracht is om út te lizzen wat in elfke is oan harren pake en beppe / muoike / omke en tegearre riede se in nij elfke ta yn de taal fan de minderheid oer it ûnderwerp fan de les OF oer eat dat ferbân hâldt mei de taal of kultuer fan de minderheid.
Stap 5:
Learlingen presintearje mei harren famyljeleden wat se makke hawwe. Besprek de presintearre eltsjes yn’e klasse.
Foarbyld:
Blêden
Reinige dagen
Waarme smûke klean
Alle dagen minder sinne
Hjerst
