Area of Interest: Intergenerational communication
Skills: Speaking
Competences: Social competence
Age Bracket: 11 – 15
Time Commitment: 30 – 60 minutes
Affordability: €
Materials:
Boeken / teksten
Aldere persoanen (taalfreonen) mei goede taalfeardichheden
Tagong ta in keuken / atelier en materiaal foar hânwurk
Expert recommendations:
Language: Frisian
Dizze aktiviteit moat kontinu yn in langere perioade plakfine. Twa mooglike opsjes foar de aktiviteit wurde hjir presintearre.
By de earste opsje is it de bedoeling dat de learlingen oefenje mei lêzen, útspraak, yntonaasje en presintaasje. Hjir is it de bedoeling dat de learlingen in mearke foarlêze foar jongere learlingen út legere klassen of foar beukers. Elke yndividuele learling lêst it mearke foar oan twa of trije bern.
By de twadde opsje is it de bedoeling dat de learlingen lústerje, begripe en fragen stelle. Hjir nimme âldere minsken (taalfreonen) mei in goede taalfeardigens diel oan de ûnderwiisaktiviteit. Dizze taalfreonen kinne in bydrage leverje troch petearen mei de learlingen oer ferskate ûnderwerpen. Foarbylden fan tema’s binne bakken, itensieden, hânwurkjen, praten oer de bernetiid fan de taalfreonen, in boek lêze, ensfh.
Aktiviteit 1:
Tarieding:
Learkrêft en learlingen kieze mei-inoar in gaadlik mearke (of in boek) foar de learlingen om foar te lêzen oan jongere learlingen. De learlingen krije elk harren eigen mearke om it lêzen te oefenjen, mei de klam op yntonaasje en lêstempo.
Stap 1: De learlingen besykje in beukerskoalle dêr’t se in mearke foarlêze oan in tal bern. Elke yndividuele learling lêst it mearke foar oan twa of trije beukers. Dêrby is it wichtich dat de learling dúdlik foarlêst, mei korrekte útspraak en yntonaasje.
Stap 2: As de learlingen klear binne mei lêzen, kinne se ienfâldige fragen oer it aventoer stelle oan de beukers.
It kin in foardiel wêze as dy aktiviteit foar in langere perioade in pear kear yn’e moanne plakfynt. Dit is sawol omdat it in geweldige manier is foar learlingen om lêstraining te krijen, as omdat se ûnderfine dat der in ferlet en in tawiisde omjouwing is foar it kennen fan de taal. Boppedat wurdearje de beukers it dat âldere bern foar harren lêze.
Aktiviteit 2:
Tarieding:
De learkrêft nimt kontakt op mei âldere minsken dy’t in goede taalfeardigens hawwe en dy’t de taalfreonen fan de skoalle wurde wolle. Optimaal binne wyklikse taalgearkomsten en de tema’s / aktiviteiten kinne fariearje ôfhinklik fan wat de studinten en taalfreonen wolle.
Stap 1: De taalfreonen komme nei de skoalle en sprekke allinnich de taal dy’t de learlingen leare moatte. De taalfreonen moatte konsekwint wêze yn it brûken fan allinnich de leartaal, sels as de learlingen de talen trochinoar brûke of allinnich yn harren memmetaal prate. In tip is dat de taalfreonen allinnich antwurden yn de leartaal fan de learlingen en de sin werhelje yn de leartaal, sadat de learlingen de taal leare kinne. Se kinne dat bygelyks dwaan by it bakken of itensieden mei de learlingen, wêrby’t de leartaal sintraal stiet. Oare suggestjes foar aktiviteiten kinne wêze: ferhalen fertelle, bûtenaktiviteiten, nifelje, ensfh.
As fertellen as aktiviteit keazen wurdt, kin de taalfreon de learlingen fragen stelle nei’t hy / sy it ferhaal ferteld hat. Sa leare de learlingen te harkjen, de ynhâld begripe, antwurden en eventueel fragen stellen. De aktiviteiten kinne fariearre wurde op basis fan de taalFeardigens fan de learlingen.