Area of Interest: Traditional knowledge
Skills: Writing
Competences: Social competence
Age Bracket: 6 – 10
Time Commitment: Over 60 minutes
Affordability: €€
Materials:
Notysjeboekjes,
Lûdsopnameapparaat (optioniel – sjoch “Datasamling 3” foar mear ynformaasje),
Keunstnedichheden (papier, kleurpotleaden, krytsjes),
Ienfâldige muzykynstruminten as beskikber (trommels, shakers, ensfh.)
Expert recommendations:
Dizze aktiviteit bringt bern yn kontakt mei âldere memmetaalsprekkers fan de minderheidstaal troch it sammeljen en learen fan tradisjonele slieplietsjes. Sliepliedsjes wurde faak generaasjes lang bewarre en befetsje wichtige kulturele eleminten, wêrtroch’t se weardefol binne foar taaloerdracht. De aktiviteit fersterket sawol de taalkundige as kulturele bannen tusken generaasjes.
Rjochtsje by jongere learlingen (6 -7 jier) mear op it sjongen en tekenjen. Aldere learlingen (8 -10 jier) kinne har mear dwaande hâlde mei it opskriuwen fan teksten en it learen oer de betsjutting fan tradisjonele wurden en sinnen. De oanwêzigens fan âldere memmetaalsprekkers soarget foar autentike taalmodellen en kreëarret sinfolle ferbiningen tusken generaasjes.
Language: Frisian
Stap 1: Tarieding (in pear wiken yn’t foar)
Nim kontakt op mei lokale âlderen dy’t de memmetaal fan de minderheid prate en nedich harren út om oer tradisjonele sliepferskes te fertellen. Idealiter komme se persoanlik nei de skoalle, mar je kinne de aktiviteit ek sa oanpasse dat se fia in fideopetear dielnimme kinne.
Freegje dyn learlingen om mei har pake en beppe of âldere famyljeleden te praten oer sliepferskes dy’t se yn it sin bringe út har bernetiid. Dy sliepferskes hoege net perfoarst út de regionale kontekst te kommen. Dit is in kâns foar de learlingen om kontakt te lizzen mei harren famylje en anekdoaten te dielen mei de rest fan de klasse, dus slieplietsjes út oare regio’s en lannen binne ek wolkom.
As ekstra opsje kinne learlingen harren âlden om help freegje om op te nimmen hoe’t harren famyljeleden dizze sliepferskes sjonge.
Stap 2: Dei 1 – Klassebesite (60 minuten)
Nedich 2 -3 âldere memmetaalsprekkers út yn’e klasse
Elke âldere dielt 1 -2 sliepferskes dy’t se har heuge út’e bernetiid
Wylst se oer elk sliepferske fertelle, lizze se út wannear’t se it leard ha, wa’t it foar harren songen hat, wat de wurden betsjutte en oft der spesjale oantinkens oan it ferske binne. As learkrêft kinst de learlingen oanmoedigje om fragen te stellen en nije wurden te werheljen dy’t ûnder de besite nei foaren komme. De oanwêzichheid fan de âlderen kin in goede gelegenheid wêze om de útspraak en prosody te oefenjen.
Learlingen meitsje in “kreatyf antwurd” op de sliepferskes, ôfhinklik fan harren taalfeardigens. As se bygelyks noch mar krekt begjinne mei it learen fan de minderheidstaal, kinne se in tekening meitsje dy’t ynspirearre is op harren favorite sliepferske. As se fierder foardere binne, kinst se freegje om har eigen ferske te skriuwen mei in ienfâldich rymke.
Stap 3: Húswurk – Famyljebân
Learlingen diele harren kreative reaksje mei harren famylje en lizze út wat se leard hawwe by de besite oan de klasse. Se freegje âlden of pakes en beppes oft it sliepferske oantinkens opropt, of dat der wurden binne dy’t se net koene.
Nochris, ôfhinklik fan it kompetsjenivo fan de learlingen, kiest hoe’tst wolst dat se dizze oantinkens en ferhalen fêstlizze. Learlingen op begjinnersnivo kinne yn de nasjonale taal skriuwe en in list byhâlde fan de nije wurden dy’t se leard hawwe. Mear foarme learlingen kinne direkt yn de minderheidstaal skriuwe, of se kinne harren kreative reaksje útwreidzje, ynspirearre troch de ferhalen fan harren eigen famylje.
Stap 4: Dei 2 – Ferfolchles (30 minuten)
Learlingen diele om bar harren kreative antwurden en ferhalen mei de rest fan’e klasse.
Slút it projekt ôf troch de nije wurden en sinnen dy’t de klasse leard hat te ûnderstreekjen en moedich de learlingen oan om in oantal fan dy wurden yn in sin te brûken.
Helje de tekeningen, wurdlisten, komposysjes en oar wurk fan dyn learlingen. Ast tiid hast, sammelje se dan yn in boek of in poster om mei de âlderen te dielen en de klasse te fersieren.