OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

Rûtebeskriuwing Jaan


Area of Interest: Diverse communication settings

Skills: Speaking

Competences: Discourse competence

Age Bracket: 6 – 10

Time Commitment: 30 – 60 minutes

Affordability:

Materials:

Wurkblêden, eventueel kryt of plakbân

Expert recommendations:

Language: Frisian

Translations:

Giving DirectionsNorāžu sniegšanaDar direcçõesGi veibeskrivelseRoutebeschrijving Geven

Stap 1: 

Print de wurkblêden mei de rasters hjirûnder út. 

 

Opsjoneel: Brûk plakbân om in raster te meitsjen op de flier fan it klasselokaal of kryt om in raster te tekenjen op de grûn op it skoalplein. 

 

Stap 2: 

Besprek mei de learlingen hoe’tst oanwizingen joust yn [ de minderheidstaal ]. Guon kenne miskien al ienfâldige sinnen, sammelje se en keppelje se oan de pylken hjirûnder. Lit de learlingen de oanwizingen yn de minderheidstaal ] lûdop werhelje.

 

Stap 3: De rûtes tariede 

Part de ûndersteande wurkblêden mei de rasters út oan de learlingen. Elke learling kin no stikem in rûte tekenje op it earste raster op it wurkblêd. Elkenien moat yn’e lofterboppehoeke begjinne. De learlingen meie allinnich rjochttroch, nei links of nei rjochts gean, nea diagonaal. Foarbyld:

Stap 4: De rûte folgje 

Freegje de learlingen om twatallen te foarmjen. Oan de hân fan de oanwizingen yn de taal fan de minderheid ] liedt de iene learling de oare troch it twadde, noch lege roaster op de ûnderste helte fan it wurkblêd. De harkjende learling tekenet mei in potlead de rûte. Dêrnei wikselje de learlingen fan rol. 

 

Alternatyf: De klasse giet nei it raster op de flier fan it klasselokaal / skoalplein. In learling begeliedt in oare learling mei de oanwizingen yn [ de minderheidstaal ] wylst dy troch it raster rint. De oare learlingen kinne helpe as der wat mis giet. 

 

Stap 5: Sluting

De learaar freget: 

Wiene der swierrichheden by de opdracht? Wat holp by it begripen fan elkoars oanwizingen? Freegje de learlingen nei har miening.