OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

Myn Taal-CV


Area of Interest: Diverse communication settings

Skills: Writing

Competences: Social competence

Age Bracket: 16 – 18

Time Commitment: Over 60 minutes

Affordability:

Materials:

Wite fellen papier, kleurpotleaden, markers

Expert recommendations:

Language: Frisian

Translations:

My Language CVMans valodas CVO meu CV de línguasMin språk-CVMijn Taal-CV

Stap 1: 

Ried alle nedige materialen foar en print lege taalportretwurkblêden út (men fynt se hjir: https://www.multilingualism-in-schools.net/language-portraits/) 

Opsjoneel: kinst in eigen wize betinke om taalportretten te tekenjen of taalbiografyen te skriuwen. 

 

Stap 2: Ynlieding: taalkundige en kulturele identiteit 

Tink nei oer dyn talen en kultueren! Yn hokker talen, yn hokker situaasjes, mei hokker minsken kommunisearje je alle dagen? 

 

Skriuw dyn ideeën op, meitsje oantekeningen yn de taal fan dyn kar. 

 

As it dy helpt, kinst 1 -2 dagen fan dyn libben dokumintearje: yn hokker situaasjes praatst mei wa, en oan wa skreaune yn hokker taal / dialekt / oare útdrukkingsfoarm? 

 

Stap 3: De taalbiografy tariede 

Kies de foarm, hoe’t je it leafst je ferhaal oer talen yn je libben meitsje (Taal-CV). 

 

It kin bygelyks in tabel wêze mei in beskriuwing fan dyn talen en feardichheden:


Kinst dyn taalbiografy ek tariede mei help fan in diagram of in oar soart grafyk, bygelyks:

  1. Letsk is myn memmetaal, de basis fan alles. Russysk – Ik brûk it soms om te kommunisearjen yn iepenbiere gelegenheden, tv-programma’s en films te sjen en nei muzyk te harkjen. 

    Enz. 

    (Foarbyld fan de RTA-learling L.R.) 

    Kinst sels in fideo meitsje – in ferhaal oer talen yn dyn famylje en dyn libben, byv:

  1. Meitsje dyn taalbiografy op in wize nei kar. Stap 4: Presintaasje 

    Part dyn taalbiografy mei dyn klasgenoaten. 

    Wylst men harket nei de ferhalen fan jins klasgenoaten (taalbiografyen), riedt men jin ta en stelt men fragen oer de taal / talen en kulturele ûnderfinings yn syn / har famylje. 

    Tink nei oer de taal dy’t / it dialekt datst keazen hast om dyn taalbiografy te meitsjen. Hoe soest it beskriuwe? 

    Is it dyn sterkste taal, de taal dy’tst it faakst brûkst of de taal dy’t it tichtst by dyn hert leit? 

    Stap 5: Taalportret 

    Teken de omtrek fan it minsklik lichem of print it lege wurkblêd Taalportret (https://www.multilingualism-in-schools.net/language-portraits/). 

    Kies in kleur foar eltse taal dy’tst brûkt hast by it beskriuwen fan dyn taalbiografy. 

    Kleur de omtrek fan in persoan yn sa ast wolst: Hokker kleur past by hokker taal en mei hokker lichemsdiel assosjearje je dy taal? 

    Kies de taal / it dialekt dêr’tst dyn wurk yn presintearje wolst. 

    Fertel oaren oer dyn taalportret. Lis út hoe’tst dyn taalportret makke en ynkleure hast. Jou ek kommentaar op de taal / dialekt dy’tst keazen hast foar dyn mûnlinge presintaasje.