OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

Hoe “Woef”-sto?


Area of Interest: Diverse communication settings

Skills: Writing

Competences: Discourse competence

Age Bracket: 6 – 10

Time Commitment: 30 – 60 minutes

Affordability:

Materials:

Yllustraasjes fan klanken yn ferskillende talen op soundimals: https://www.soundimals.com/homeã/sounds-all-around/, útprinte of digitaal. Foarknipte fjouwerkante of rjochthoekige kaarten fan deselde grutte

Expert recommendations:

Language: Frisian

Translations:

How do you woof?Kā jūs “vau”?Como é que se faz “woof”?Hvordan woofer du?Hoe ‘Woef’ Jij?

Stap 1: 

Ried de yllustraasjes fan klanken yn ferskate talen op soundimals foar om oan de klasse sjen te litten: https://www.soundimals.com/homedividuele /sounds-all-around/. Se kinne útprinte wurde of op in skerm / projektor toand wurde. 

 

Stap 2: 

Lit de klasse de ûnderskate yllustraasjes sjen en lit de learlingen de útdrukking lûdop foarlêze. Freegje harren hoe’t elke klank útdrukt wurdt yn harren taal / talen en benammen yn de minderheidstaal ]. 

 

Stap 3: 

Elke learling krijt 2 oant 4 lege rjochthoekige / fjouwerkante kaarten fan deselde grutte. Freegje alle learlingen om stikem in lûd yn harren taal, by foarkar [ de minderheidstaal ], op de iene kant fan de kaarten te skriuwen en de beskriuwing op de oare kant, ek yn de minderheidstaal ]. Samar de kaarten en lit de klasse de earste kaart sjen, de kant mei allinnich it lûd derop. Freegje de learlingen om it lûd nei te bauwen en lit de klasse riede wa’t of wat dat lûd makket. Meitsje de learlingen fertroud mei de beskriuwingstermen yn [ de minderheidstaal ]. 

 

Tip: Do kinst hjir ek in geheugenspultsje fan meitsje. 

 

Elke learling krijt 4 (foar 2 twatallen) of 6 (foar 3 twatallen, yn lytsere groepen) lege rjochthoekige / fjouwerkante kaarten fan deselde grutte. Freegje elke learling om stikem in lûd yn harren taal, by foarkar [ de minderheidstaal ], op ien kaart te skriuwen en de beskriuwing fan it lûd op in oare kaart. De achterkant fan alle kaarten bliuwt leech. 

 

De kaarten wurde dan sammele (eventueel ferdield yn ferskate steapels) en útdield, mei de skreaune kant nei ûnderen. De learlingen kinne no de lûden oan de beskriuwing keppelje. 

 

Foarbylden: bistelûden (hûn, kat, baarch, by, ûle, ko, sjongfûgel,…), minsklike lûden / emoasjes (prúzen, kessen, drinke, as wat lekker is, ast it kâld hast, ast ien skrikke litst,…), rein, fjoerwurk / eksploazje… 

 

Stap 4: 

Wiis de learlingen op’e nij op de wurden dy’t se leard / brûkt hawwe yn de minderheidstaal ]. Freegje de klasse hokker nije klanken oft se tsjinkommen binne. Hokker wie it meast ynteressant / leuk /…? Wiene der ferskate klanken foar itselde foarbyld yn [ de taal fan de minderheid ]?