Area of Interest: Diverse communication settings
Skills: Writing
Competences: Discourse competence
Age Bracket: 6 – 10
Time Commitment: Over 60 minutes
Affordability: €
Materials:
Diel 1: Troch learlingen meibrochte foarwerpen, koer / bak dêr’t foarwerpen yn lein wurde kinne, kleurrike stikken papier, in pinne
Diel 2: Skriuwpapier, kleure A 3 – papier, pinnen (eventueel kleurpinnen), potleaden, lym, skjirre, eventueel foto fan de learling mei syn/har foarwerp
Expert recommendations:
Language: Frisian
DIEL 1
Stap 1: Tarieding
Lit alle learlingen in foarwerp meinimme dat in soad foar harren betsjut en dat foar harren ‘thús’ betsjut. Moedigje harren oan om hjiroer mei famyljeleden te praten. Kendich oan dat elke learling it ferhaal fertelle mei dat ferbân hâldt mei harren foarwerp en stel foar dat se [ minderheidstaal ] brûke kinne om deroer te praten.
Stap 2: Yntroduksje
Bepraat de opdracht. Alle bern hawwe wat meinaam dat foar harren “thús” betsjut. Helje dy foarwerpen yn in koer / bak. Pak de koer en fertel de learlingen datst der ien foar ien in foarwerp úthelje silst en dat de learlingen harren ferhaal yn [ minderheidstaal ] fertelle meie as se dat wolle as se harren eigen foarwerp sjogge. De klasse kin oan it buro sitten bliuwe of yn in rûnte sitten gean.
Stap 3: De ferhalekoer
Nim it earste foarwerp út de koer en freegje de learlingen wa’t it meinaam hat. De learling dy’t it foarwerp hat mei dan syn ferhaal fertelle en útlizze wat it foarwerp is, wêr’t it weikomt en wêrom’t dit foarwerp wichtich foar him is.
Moedigje de learlingen oan om harren ferhaal yn [ minderheidstaal ] te fertellen. Yn in taalkundich ferskate groep kin de learkrêft bemiddelje of wichtige wurden útlizze oan de oare learlingen.
Skriuw de namme fan it foarwerp op in stik papier en hingje it op it boerd. Fertaal yn in groep mei net in soad minderheidstaalsprekkers it wurd yn de minderheidstaal ] / freegje de minderheidstaal-sprekkers om it wurd oer te setten en foech de oersetting ta oan it briefke.
Stap 4: Prate oer “Thús”
Besjoch de samling wurden op it boerd en bepraat mei de learlingen dat “thús” in soad dingen betsjutte en omfetsje kin.
Hokker objekten binne ferbûn mei in beskaat plak (in hûs, in strjitte, in stêd, in regio)?
Hokker objekten binne ferbûn mei spesjale persoanen?
Hokker objekten binne ferbûn mei tradysjes?
Skik de stikken papier op it boerd neffens dizze kategoryen. De learlingen kinne se ek rangskikke yn in foarm dy’t foar harren “thús” betsjut (in hûs, in tekstballon, in beam, in kaart,…).
Lis út hoe’t taal der ek foar soargje kin dat in plak of in groep minsken oanfielt as “thús”. Ferbyn dat idee mei de oefening en de ferhalen dy’t ferteld wurde yn [ minderheidstaal ].
Stap 5: Ofsluting
Bepraat hoe’t it wie om de klasse wat te fertellen oer dyn eigen hûs, famylje of tradysjes. As net alle learlingen oan bar west hawwe, kin der in ekstra fertelmomint ynpland wurde.
DIEL 2
Stap 1: Tarieding
Hâld it neikommende klear: skriuwfellen, eventueel kleure stiften, kleurpotleaden, lym, in skjirre en kleure A 3 – papier. Eventueel kinne der foto’s makke wurde fan de learlingen mei harren foarwerp.
Stap 2: Yntroduksje
Bepraat mei de learlingen wat der yn de foarige les dien is: ferhalen fertelle oer thús. Fertel de learlingen dat dit hiel leuk wie om te hearren. Fertel se dêrnei dat se dy dei fierder wurkje sille oan dizze ferhalen.
Stap 3: Skriuwe
De learlingen begjinne har eigen ferhaal te skriuwen (se skriuwe it ferhaal nei’t se it ferteld hawwe, sadat se dit dogge sûnder foar te lêzen). De learlingen skriuwe it ferhaal, as se dat kinne, yn it [ minderheidstaal ] of mei help fan inkelde fan de krekt gelearde [ minderheidstaal ] wurden.
Stap 4: Poster
De skreaune teksten wurde dan op in kleure A 3 fel plakt. Der kin in tekening of dekoraasje tafoege wurde en eventueel in foto fan de learling mei it foarwerp. Dizze posters kinne yn de klasse ophongen wurde.
Stap 5: Ofsluting
Bepraat mei de learlingen hokker talen se yn harren ferhalen brûkt hawwe. Hokker wiene dreech om te praten / skriuwen? Hokker wiene maklik?
