OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

De Klank fan Muzyk


Area of Interest:

Skills: Writing

Competences: Social competence

Age Bracket: 11 – 15

Time Commitment: 30 – 60 minutes

Affordability:

Materials:

Tagong ta ynternet.

Expert recommendations:

Language: Frisian

Translations:

The Sound of MusicLyden av musikkO Som da MúsicaDe Klank van MuziekMūzikas skaņas
    • Groepen foarmje 

    Foarm groepkes fan 3 -4 learlingen. 

    • Kies in ferske 

    Elke groep kiest in ferske yn [ de minderheidstaal ] dat de hiele groep leuk fynt. Se sykje ek de tekst op. 

    Soargje derfoar dat der gjin twa groepen itselde ferske kieze. 

    • In presintaasje tariede 

    Elke groep bepraat it keazen ferske en riedt in koarte presintaasje ta yn [de taal fan de minderheid], wêrby’t de folgjende fragen oan bod komme: 

    • Wêrom hast dit ferske keazen? 
    • Wat fynst wol / net goed oan dit ferske? 
    • Hokker emoasjes of gefoelens ropt it ferske op? 
    • Tinkst dat de ympakt itselde wêze soe as it ferske yn in oare taal wêze soe? Wêrom (net)? 

    Under de diskusje meie de learlingen harren haadtaal brûke, salang’t de presintaasje mar yn [de minderheidstaal] is. 

    • Skriuw in ekstra kûplet 

    Elke groep skriuwt in ekstra kûplet (op syn minst fjouwer rigen tekst) om ta te heakjen oan it keazen ferske. Se moatte derfoar soargje dat de nije rigen passe by it algemiene tema en de styl fan it ferske. 

    • Oefenje 

    De groepen oefenje harren presintaasje en soargje derfoar dat elk groepslid aktyf belutsen is. Se repetearje ek it ekstra kûplet om floeiendheid en gearhing te garandearjen. Se kinne it ekstra kûplet sjonge, mar as se dat leaver net dogge, kinne se de tekst lûdop foarlêze foar de klasse. 

    • Presintaasje foar de klasse 

    De groepen presintearje harren keazen ferskes en beäntwurdzje de fragen dy’t taret binne foar de klasse. 

    • Diskusje yn’e klasse 

    Jou nei elke presintaasje romte foar koarte opmerkingen of fragen fan de klasse. Moedigje de learlingen oan om harren gedachten oer de foarstelde ferskes te dielen en om dat te dwaan yn [de taal fan de minderheid]. 

    • Refleksje 

    Slút de aktiviteit ôf mei in koarte refleksje mei elke groep. Besprek hokker ynsichten oftst opdien hast by it ferkennen fan muzyk yn [de minderheidstaal]. 

    Dizze opdracht is bedoeld om diversiteit te fieren troch it ferkennen fan muzyk yn [de minderheidstaal]. Moedich learlingen oan om harren kreatyf út te drukken en de unike kwaliteiten fan de selektearre ferskes te wurdearjen.