OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

CV van Favoriete Muziek en Liedjes


Area of Interest:

Skills: Writing

Competences:

Age Bracket: 11 – 15

Time Commitment: 30 – 60 minutes

Affordability:

Materials:

– Skriuwmateriaal (yn in groep – A4 en skriuwmateriaal foar elkenien; yndividueel – notysjebledsje of in A4 as de learkrêft se sammelje wol)
– Tagong ta ynternet (yndividuele opsje)

Expert recommendations:

Language: Frisian

Translations:

CV of Favourite Music and SongsIecienītākās mūzikas un dziesmu CVCV de músicas e canções favoritasCV med favorittmusikk og -sangerCV van Favoriete Muziek en Liedjes

In taal-CV-tapassing wêrby’t de “stambeam” bestiet út favorite ferskes (yn safolle talen as der mar foarkomme), it bespyljen / sjongen fan in muzykynstrumint kin ek ynset wurde. It doel is om in positive hâlding en tolerânsje oangeande ferskillende sjenres en soarten muzyk te kreëarjen, om de ynfloed fan muzyk by identiteitsfoarming te bepraten. 

 

Stap 1: Famyljeûndersyk (as húswurk, ûndersyksfaze) 

Sykje ynformaasje oer trije generaasjes (dysels, bruorren en susters, heit en mem, pake en beppe): oft se sjonge (songen) of in muzykynstrumint bespylje (bespile hawwe). Elk famyljelid wurdt frege nei syn/har favorite ferske of ferskes. Yn it bysûnder wurdt frege nei in favoryt ferske yn in minderheids- of regionale taal. 

 

Stap 2: In ‘stambeam’ bouwe fan 3 generaasjes 

Der binne in soad foarbylden, kies dejinge dy’tst it leukst fynst (sjoch foarbyld). Skriuw foar elk gesinslid op oft hy / sy sjongt (song) of in muzykynstrumint bespilet (bespile hat). Skriuw ek favorite ferskes op en de taal dêr’t it ferske yn songen wurdt. 

 

Stap 3: Presintaasje fan muzyk en liet-CV 

De learkrêft kin dat dwaan 1) yn ien les, dy’t mear op in petear liket, de ûndersteande fragen beäntwurdzje; 2) de presintaasje ferspriede oer meardere lessen, wêrby’t mear omtinken jûn wurdt oan elke sprekker en syn / har famylje, wêrby’t op syn minst ien liet út elke stambeam songen of belústere wurdt. 

 

  • Hoefolle leden fan de famylje sjonge? Hoefolle spylje muzykynstruminten? 

 

  • Yn hokker talen binne harren favorite ferskes? Hoe kin dit ferklearre wurde? Wêrom en wêr krekt komme dy talen foar? 

 

  • Binne der ferskes dy’t yn trije generaasjes weromkomme? Wêrom en hoe kin dit ferklearre wurde? 

 

  • Hokker ferske soest graach mei dyn klasgenoaten sjonge of op syn minst belústerje wolle? 

 

Stap 4: Konklúzje 

Dizze wurken kinne brûkt wurde as materiaal foar in tentoanstelling dy’t besjoen wurdt troch elkenien dy’t de klasse ynkomt, mar se kinne ek brûkt wurde as posts op sosjale media om oaren oan te moedigjen om de muzikale skiednis fan harren famylje te ferkennen. 

 

Dit materiaal kin tsjinje as in fierder ûndersyksobjekt om de wurdskat en de oarsprong fan it liet te ûndersykjen. Derfan útgeande dat in soad lieten folkslieten binne, kin it idee of de boadskip fan it liet fêst ek liede ta in fierder petear oer de gewoanten en tradysjes fan de dragers fan dy spesifike taal.