OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

Ferhalen oer Bistelûden


Stap 1: Tarieding 

  • Sammelje 4 -5 ôfbyldingen fan bisten dy’t in soad foarkomme yn de direkte omjouwing. 

 

  • Kies bisten dêr’t jonge bern de lûden maklik fan neidwaan kinne.
  • Doch der as it mooglik is bisten by dy’t oare nammen hawwe of oare lûden meitsje yn de minderheidstaal as yn de mearderheidstaal. 

 

Stap 2: Ynlieding 

  • Gean op’e grûn sitten mei de bern yn in sirkel foar dy. 

 

  • Lit elk bisteplaatsje ien foar ien sjen, sprek dúdlik de namme fan it bist út yn’e minderheidstaal en meitsje it lûd sa’t it útdrukt wurde soe yn’e minderheidstaal. 

 

  • Lit de bern sawol de namme as it lûd werhelje 
  • Wylst ast de bisten foarstelst, kinst se ek assosjearje mei gebaren (lykas mei de earmen wapperje foar fûgels, skrabje foar katten, lange earen foar ezels, ensfh.) 

 

Stap 3: In ienfâldich ferhaal meitsje 

  • Begjin in hiel ienfâldich ferhaal yn dyn minderheidstaal mei 2-3 bisten. Bygelyks: “Op in dei gong de [ namme bist ] te rinnen. Doe trof hy / sy in [ twadde bistenamme ].” 
  • Alle kearen as der in bist neamd wurdt, moedigst de bern oan om it lûd fan it bist te meitsjen, it gebaar fan it bist te meitsjen en / of de namme fan it bist te sizzen (as se dat kinne). 

 

Stap 4: Ynteraktive eleminten 

  • Stel ienfâldige fragen yn de minderheidstaal lykas “Wat sei de / it [ bist ]?”. 
  • Lit bern om de beurt kieze hokker bist as der as folgjende yn it ferhaal ferskynt. 
  • Yntrodusearje foar âldere bern yn dizze leeftiidsgroep (4-5) ekstra details lykas “Wie it bist bliid? Fertrietlik? Hongerich?” en lit de bern ideeën oandrage foar it ferhaal. 

 

Stap 5: Bewegingsskoft

  • Lit bern opstean en bewege sa as elk bist.
  • Kombinearje bewegingen mei lûden.
  • Brûk ienfâldige kommando’s yn de taal fan de minderheid lykas ‘huppelje’, ‘rin’, ‘draaf’. 

 

Stap 6: Ofsluting 

  • Werhelje noch in lêste kear de namme fan elk bist .
  • Lit bern ôfskied nimme fan elk bist yn’e minderheidstaal .

 

Kinst dizze aktiviteit nei ferrin fan tiid werhelje en hieltyd nije wurden, lûden en gebaren yntrodusearje. Neigeraden dat it learplan foarderet (en ôfhinklik fan de leeftyd fan de bern), kinst ek getallen taheakje oan it ferhaal. Bygelyks troch 2 hûnen, 3 katten, 4 ezels, ensfh. sjen te litten. Dat is benammen nuttich as de mearfâldige foarm yn de minderheidstaal ûnregelmjittich is of sterk ferskilt fan de nasjonale taal.