OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

It Spultsje Oersette


Area of Interest: Diverse communication settings

Skills: Speaking

Competences: Discourse competence

Age Bracket: 11 – 15

Time Commitment: 30 – 60 minutes

Affordability:

Materials:

Wurdboeken
Ien of mear fuotbalje
Tagong ta fuotbalfjild(en)

Expert recommendations:

Language: Frisian

Translations:

Translating the gameSpēles tulkošanaTraduzir o jogoOversettelse av spilletHet Spel Vertalen

It doel fan de aktiviteit is dat elkenien fuotbalje kin yn de minderheidstaal. It doel fan dizze aktiviteit is dat de learlingen harren wurdskat, termen en ienfâldige sinnen fergrutsje troch te fuotbaljen. De aktiviteit kin oanpast wurde oan de taalfeardichheden, kompetinsjedoelen en winske aktiviteit fan de learlingen. 

 

Stap 1: Tarieding 

Dizze aktiviteit is fleksibel en kin op ferskate wizen útfierd wurde. De hjir foarstelde proseduere is dat der op syn minst twa lessen brûkt wurde foar de aktiviteit. 

 

Yn de earste les wurde de aktiviteit en it doel presintearre. Yn dizze les wurkje de learlingen mei termen en sinnen dy’t keppele wurde kinne oan fuotbal of oan de keazen balspulaktiviteit. De learlingen en de learkrêft kinne mei-inoar termen opskriuwe dy’t se kenne en mear termen opsykje yn ferskillende wurdboeken. Learlingen moatte dizze termen / wurden en sinnen leare foardat se oan de aktiviteit begjinne. Se moatte ek de regels trochnimme dy’t relevant binne foar dizze aktiviteit. 

 

Yn de twadde les geane se nei it fuotbalfjild. De learkrêft fertelt de learlingen dat se allinnich dizze termen en sinnen brûke meie en dat se de taal fan de minderheid brûke moatte. De learkrêft moat der konsekwint op tasjen dat de learlingen allinnich de minderheidstaal prate en hy / sy moat taalstipe biede as dat nedich is. 

 

Stap 2. Fuotbalje yn’e minderheidstaal 

 

Basisnivo: 

Op dit nivo fynt de aktiviteit plak yn de mearderheidstaal. Ienfâldige termen oangeande fuotbal wurde yn’e minderheidstaal brûkt. It doel dêrfan is dat de learlingen ienfâldige wurden en termen leare dy’t mei it spul te krijen hawwe; bygelyks fuotbal, rjochts, links, foar, efter, doel, kop ensfh. Dit nivo is geskikt foar learlingen dy’t de minderheidstaal thús net kenne of hearre. 

 

Gefoardere nivo 1: 

Op dit nivo kenne de learlingen in tal wurden / termen en sinnen. Hjir wurdt de minderheidstaal wat mear brûkt, mei mear wurden en ienfâldige sinnen. De mearderheidstaal kin in helptaal wêze, mar yn mindere mjitte as op it basisnivo. 

 

Gefoardere nivo 2: 

Dit nivo is geskikt foar learlingen dy’t allinnich de minderheidstaal brûke kinne by de aktiviteit. Dat kin in fuortsetting wêze fan nivo 1, of foar learlingen dy’t de minderheidstaal goed behearskje.