Area of Interest: Traditional knowledge
Skills: Writing
Competences: Discourse competence
Age Bracket: 6 – 10
Time Commitment: Over 60 minutes
Affordability: €
Materials:
Karton, tekeningen, ensfh.
Expert recommendations:
Language: Frisian
Tarieding
De kennisbeam-oefening yntegrearje yn dyn eigen syllabus: it kin brûkt wurde om in nij ûnderwerp / tema oan de klasse foar te stellen of it kin brûkt wurde as in aktiviteit om in tema ôf te sluten.
As in op himsels steande aktiviteit kin de opdracht rjochte wêze op de kennis fan learlingen oer lokale kultuer yn ferbân mei bygelyks lânskip, keunst, tradisjonele lânbou, seefeart, ambachten, in spesifike tradysje.
De wurden binne doelbewust keazen en hingje ôf fan it doel datst foar eagen hast.
Ofhinklik fan de taalfeardichheden fan dyn learlingen kinne se de kennisbeam ek oanfolje yn’e mearderheidstaal en letter oersette nei de minderheidstaal.
Yn stee fan in beam kinst ek kieze foar in fel papier of in poster mei tekeningen.
Stap 1 – Ien wurd of tema
Kies ien wurd om in tema hinne.
Stap 2 – De beam ûntwerpe
Meitsje mei dyn learlingen de beam. It kin in echte beam wêze of in grut fel mei tekeningen.
Stap 3 – Folje de beam oan
Lit elke learling de beam / tekening oanfolje mei wurden dy’t passe by it keazen ûnderwerp.
Stap 4 – Bepraat de wurden
Bepraat de wurden op de beam mei de learlingen. Set, as fan tapassing, de wurden yn de mearderheidstaal oer yn de minderheidstaal.
Foar de ûnderwizer
Kinst dizze aktiviteit ek yn bredere sin brûke en de kennisbeam brûke om mei learlingen nei te tinken oer bygelyks konsepten as ‘gelok’ of ‘ydentiteit’.
Tips: Brûk (online) wurdboeken om wurden yn de minderheidstaal te staverjen. Rop ek de help yn fan oare groepen of âlden fan learlingen.
