Area of Interest: Intergenerational communication
Skills: Writing
Competences: Social competence
Age Bracket: 11 – 15
Time Commitment: 30 – 60 minutes
Affordability:
Materials:
– Skriuwmateriaal (yn in groep – A 4 en skriuwmateriaal foar elk; yndividueel – notysjes of in A 4 as de learkrêft se sammelje wol)
– In kokresepteboek yn in minderheids – of regionale taal
– Tagong ta it ynternet (yndividuele opsje)
Expert recommendations:
Language: Frisian
Foar dizze aktiviteit wurde de learlingen oanmoedige om mei famyljeleden te kommunisearjen oer famyljeresepten yn [ de minderheids – / regiotaal ]. Se leare wurden en sinnen dy’t se bûten it klasselokaal brûke kinne yn petearen op’e merk of ûnder it boadskipjen dogge en oefenje harren sprekfeardigens yn in rollespul.
Stap 1: It resept fine
Ynterview dyn pake en beppe en skriuw it resept op, rekken hâldend mei de bysûnderheden fan it opskriuwen fan in kulinêr resept. As dat net mooglik is, sykje it dan yn in itensiedersboek foar minderheden / regionale talen.
Stap 2: Rollen ferdiele om yn twatallen of groepen te wurkjen
De iene groep docht ûndersyk nei wurdskat en siket de drege wurden op. De oare berekkenet hoefolle jild it kostje soe om it resept te meitsjen foar 1 en in bepaald (grutter) tal minsken. In tredde groep siedt it gerjocht neffens it gegeven resept. De fjirde groep siket út wannear en op hokker wize (ritueel) dit iten oanbean wurdt.
Stap 3: Priuwe, servearje
Alle groepen presintearje harren wurk.
Hokker spesifike wurden kamen foar yn it resept (âlde wurden, regionale wurden, termen, ensfh.)?
Wat binne de kosten per persoan neffens de prizen fan de produkten? Wat binne de kosten, yn totaal, fan in resept foar 15 persoanen?
Wat binne de skaaimerken fan in útskreaun resept? Binne der dingen oanpast oan it resept neidat it klearmakke is, dy’t oan oaren oanrekommandearre wurde kinne?
Wannear wurdt dit miel ree? Is der in spesjaal ritueel of feest wêrby’t it brûkt wurdt? Miskien is der in siswize of útdrukking ferbûn oan dit iten?
