Area of Interest: Traditional knowledge
Skills: Writing
Competences: Social competence
Age Bracket: 16 – 18
Time Commitment:
Affordability:
Materials:
– Helpmiddels foar it ûntwerpen en meitsjen fan kaarten (kleure papier, ferskate soarten kleure pinnen, potleaden, lym, ensfh.)
– Helpmiddel foar byldwerkenning (bgl. Google Lens).
– In beskikber ferklearjend wurdboek fan ornaminten (bgl. Ektermane, B. Sûmju kûrtis. , www.zimjuspeks.lv)
– Tagong ta ynternet (yndividuele opsje)
Expert recommendations:
Language: Frisian
Kies út patroanen (foarwerpen) en planten (hieltyd ien symboal) dy’t by it famyljewapen passe. Besykje om in famyljewapen en it bybehearrende ferhaal te meitsjen.
It doel is om te begripen dat yn de natuer alles mei-inoar gearhinget: de foarm fan in plant, syn groei en eigenskippen bepale syn funksjonaliteit. Elke plant hat syn eigen rol yn de algemiene habitat, de floara en it minsklik libben. Brûkte digitale boarnen of helpmiddels.
Stap 1: Kies it foarwerp dat by de famylje heart (húswurk, ûndersyksfaze)
Yn petearen mei de âldere generaasje kinst te witten komme oft de famylje ea in wapen of ûnderskiedend teken hân hat. Sa net, dan kinne je etnografyske streekdracht dy’t past by de regio ûndersykje en in foarwerp kieze.
Stap 2: In plant kieze
Gean de natuer yn en brûk in plantidentifikaasjehelpmiddel om in plant te selektearjen dy’t brûkt wurde kin yn it famyljewapen. Kies earst in plant op basis fan syn fisuele ferskining, d.w.s. in plant dy’t dy oansprekt en fertroud oanfielt. It is oan te rieden om ûnderskate planten te nimmen om te beslissen hokker plant it meast geskikt is om op te nimmen yn it famyljewapen, neidat je mear leard hawwe oer it brûken derfan yn de natuer, de spesifike groeiskaaimerken en letter de symbolyk. Troch te wurkjen mei de byldwerkenner kinst dyn kennis fan it Latyn en it Ingelsk oefenje, omdat dy mear ynformaasje befetsje oer de namme fan de plant en de bysûnderheden fan syn groei.
Stap 3: Symboalyske betsjuttings identifisearje
Sykje mei help fan wurdboeken mei symboalen (foarwerpen, planten, ensfh.) de symboalyske betsjuttings fan planten en foarwerpen op. De rol fan de learkrêft as riedsjouwer is hjir tige wichtich, omdat in soad planten fêstige betsjuttings hawwe dy’t spesifyk binne foar de regio en bepraat wurde moatte of dêr’t soksoarte ferklearringen fûn wurde kinne. Foar planten binne se ek keppele oan funksjonele spesjfisiteit. It is mooglik dat in learling guon details feroarje wol by it lêzen fan de symboalyske útlis fan in plant of foarwerp.
Stap 4: In famyljewapen meitsje
Mei help fan ferskate ûntwerpeleminten en beskikbere materialen wurdt in famyljewapen makke. Yndividuele kreativiteit is hjir wichtich. De learkrêft advisearret, suggerearret en soarget derfoar dat de symboalyske útlis opskreaun wurdt en begrepen wurdt troch de learling.
Stap 5: Presintaasje
Elke learling krijt de kâns om syn / har wapen te presintearjen, de symboalyske betsjutting fan de plant en it foarwerp te yntrodusearjen en út te lizzen wêrom’t hy / sy it wichtich fûn om dizze kwaliteiten en wearden yn it famyljewapen op te nimmen.
Stap 6: Konklúzje
De wapens kinne brûkt wurde foar in tentoanstelling, in kado oan âlden, of in demonstraasje fan goede praktiken op social media.
