Area of Interest:
Skills: Listening
Competences: Discourse competence
Age Bracket: 6 – 10
Time Commitment: 30 – 60 minutes
Affordability: €
Materials:
Krytboerd, whiteboard of digitaal boerd
Expert recommendations:
Language:
Kies ien persoan as earste koadekreaker.
- Kies in wurd
Stjoer de koadekreaker in minút nei bûten. Kies in wurd yn [ de minderheidstaal ] en diel dit mei de klasse (of lit de learlingen it wurd kieze). Dit wurd kin relatearre wêze oan in tema of ûnderwerp.
- De klasse jout hints
Rop de koadekreaker werom yn’e klasse.
De rest fan’e klasse jout relatearre wurden of hints yn [ de minderheidstaal ] oan ‘e koadekreaker sûnder fuortendaliks it keazen wurd te ferklappen. Freegje de learlingen om de hints oer te setten nei oare talen dy’t se kenne (bgl. mearderheidstaal, oare thústalen). Skriuw de hints mei harren oersettingen op it boerd en ferlykje de oersettingen.
Moedigje de learlingen oan om kreatyf te wêzen en ferskate assosjaasjes by it wurd te betinken.
- Gok fan de koadekreaker
De koadekreaker besiket it wurd te rieden op basis fan’e hints fan’e klasse. Notear oft de gok goed of fout is. As it net goed is, kin de klasse trochgean mei it jaan fan hints oant it goede wurd ret is.
- Nije koadekreaker
Kies in nije koadekreaker en werhelje stap 1 -4.
- De winner útroppe
Gean sa lang troch mei de aktiviteit ast wolst, of oant elkenien dy’t wol koadekreaker west hat. De persoan dy’t it wurd ret hat mei de minste hints wurdt útroppen ta winner.
