Area of Interest: New technologies and social media
Skills: Writing
Competences: Discourse competence
Age Bracket: 11 – 15
Time Commitment: 30 – 60 minutes
Affordability: €
Materials:
Kompjûter / tablet om artikels te sykjen en presintaasjes ta te rieden.
Expert recommendations:
Language: Frisian
-
- Pearfoarming
Meitsje twatallen foar dizze aktiviteit.
- Artikels sykje
Learlingen moatte yn twatallen op syn minst trije (nijs)artikels oer itselde ûnderwerp sykje. Se moatte op syn minst twa artikels fine yn lokale of regionale media en ien yn nasjonale media.
- Analyze fan taalgebrûk
De learlingen ûndersykje it taalgebrûk yn elk artikel. Se besjogge hokker taal / talen yn de teksten foarkomme en hâlde rekken mei taalgebrûksfaktoaren lykas toan, wurdskat en styl.
De learlingen beäntwurdzje de folgjende fragen:
- Wat binne de ferskillen yn taalgebrûk tusken de lokale / regionale en nasjonale media-artikels?
- Wêrom tinke jimme dat dizze ferskillen yn taalgebrûk besteane? Tink oan faktoaren lykas doelpublyk, kulturele kontekst en taalkundige foarkarren.
- Analyze fan de ynhâld
De learlingen analysearje de ynhâld fan elk artikel. Se moatte op syk gean nei fariaasjes yn perspektiven, presintearre ynformaasje en djipte fan de berjochtjouwing.
De learlingen beäntwurdzje de neikommende fragen:
- Wat binne de ynhâldlike ferskillen tusken de lokale / regionale en nasjonale media-artikels?
- Wêrom tinkst dat dit ferskil yn ynhâld makke wurdt? Tink nei oer mooglike foaroardielen, publyksfoarkarren en regionale belangen.
- Refleksje
De learlingen tinke yn twatallen nei oer hoe’t de taal- en ynhâldsferskillen bydrage oan de persepsje fan it ûnderwerp yn de lokale / regionale en nasjonale kontekst.
Se beprate mei-inoar oft [de taal fan de minderheid] prominint oanwêzich is of marginalisearre wurdt yn elk artikel en hoe’t dat it taalbewustwêzen beynfloedet.
- Presintaasje
Elk duo riedt in koarte presintaasje ta wêryn’t se harren befiningen gearfetsje. Se kinne fisuele helpmiddels, úttreksels út de artikels en relevante statistiken of sitaten brûke.
De duo’s diele harren ynsichten mei de klasse by de presintaasje.
Diskusje
Fier nei elke presintaasje in klassikale diskusje oer de oerienkomsten en ferskillen tusken de befinings fan de twatallen.
Tink nei oer de ynfloed fan mediapresentaasje op taalattitudes en ûndersyk mooglike manieren om in positive hâlding oangeande [ de minderheidstaal ] te befoarderjen.