Area of Interest: New technologies and social media
Skills: Reading
Competences: Discourse competence
Age Bracket: 16 – 18
Time Commitment: Over 60 minutes
Affordability: €€
Materials:
Papieren en digitale materialen foar de kampanje
Romte op prikbuorden fan skoalle
Tagong ta sosjale media fan skoalle (as dit beskikber is)
(Opsjoneel) Opnameapparaat foar ynterviews / fideo’s
(Opsjoneel) In ekskurzje earne yn’e buert, ôfhinklik fan de ynteresses fan de learlingen
Expert recommendations:
Help dyn learlingen by it opsetten fan bewustwurdingskampanjes yn de taal fan de minderheid oer ûnderwerpen dy’t hja wichtich fine. Dit kin gean oer miljeukwestjes, kultuerbehâld, sosjale rjochtfeardigens of in oar ûnderwerp dat harren nei oan it hert leit. It wichtichste is dat al it kampanjemateriaal twatalich is, sadat de minderheidstaal sichtber wurdt en de hiele skoalmienskip berikt wurdt.
Language: Frisian
- Sesje 1: Underwerp kieze (60 minuten) Oan’e ein fan dizze sesje wurdt de klasse opsplitst yn groepen mei elk in beskaat kampanjedoel. Elkenien yn de groepen moat op syn minst de taal fan de minderheid brûke kinne om út te lizzen hokker ûnderwerp oft se keazen hawwe en wêrom’t it wichtich is foar harren en harren mienskip.
- Begjin de les mei in yndividuele refleksje (10 minuten)
- Lis út dat se wurkje sille oan in projekt dêr’t se minderheidstaal by brûke moatte om te praten oer wichtige ûnderwerpen dy’t harren nei oan it hert lizze. It ûnderwerp kin ek yntrodusearre wurde mei in foarbyld fan in lokale kwestje dy’t yn it bysûnder relevant is foar de klasse.
- Lit de learlingen 2 -3 ûnderwerpen opskriuwe dy’t harren nei oan it hert lizze en wêrom’t se dy wichtich fine. Lit se dizze kwestjes út in posityf stânpunt wei besjen en optimistysk neitinke oer hoe’t sy wolle dat harren mienskip te goede feroaret. Meitsje fan de gelegenheid gebrûk om se te freegjen harren gedachten yn de minderheidstaal op te skriuwen.
- Groepsdiskusje fasilitearje (20 minuten)
- Meitsje in sirkel of lytse diskusjegroepen en begelaat se by it identifisearjen fan ûnderwerpen dy’t de skoalmienskip oansprekke kinne soene.
- Ofhinklik fan de taalfeardichheden fan de learlingen, kin de hiele diskusje yn de minderheidstaal fierd wurde of allinnich de konklúzjes gearfette wurde.
- Wurkgroepen foarmje (30 minuten)
- Lit de learlingen groepen foarmje rûn dielde ynteresses. Om dit projekt yn’e stringen te hâlden, wurdt oanret om mei twa of trije groepen te begjinnen.
- Lit elke groep brede ûnderwerpen útwurkje ta hantearbere projekten. Ofhinklik fan harren ynteresses en feardigensnivo is it miskien nedich om se te helpen om it ûnderwerp te beheinen, omdat se yn dit stadium miskien te ambisjeus binne mei harren kampanje.
Sesje 2: De kampanje planne (60 minuten)
Oan de ein fan dizze sesje hawwe de groepen in plan ûntwikkele foar harren kampanje en keazen fia hokker kanalen se kampanje fiere wolle. Op syn minst hawwe se harren plannen yn de minderheidstaal opskreaun en kinne se oanjaan hokker aksjes se ûndernimme sille as ûnderdiel fan de kampanje. Yn dizze gids brûke wy it foarbyld fan in kampanje om mear sûn iten beskikber te meitsjen yn de kantine fan de skoalle.
- Boadskip ûntwikkelje
- Leid eltse groep troch dizze fragen en ûndersyk harren ideeën om der wis fan te wêzen dat se kritysk tinke, mar ek realistysk binne:
- Wat wolle jim krekt feroarje? [ Bgl.: “Wy wolle mear fruit en folkoaren produkten yn de kantine fan de skoalle, sadat wy ûnder de lunsj bettere karren meitsje kinne.”].
- Wa moat boadskip hearre? [ Bgl.: “De direkteur en it kantinepersoniel moatte ús boadskip hearre en de redenen wêrom’t wy dit wichtich fine. “].
- Hokker ynformaasje hast nedich om dyn boadskip te stypjen? [ Bgl.: “Wy moatte witte oft mear learlingen en âlden ús idee leuk fine en hokker middels nedich binne om it mooglik te meitsjen. “].
- Wat soe de ideale útkomst fan dyn kampanje wêze? [ Bgl.:” De skoallieding harket nei ús kampanje en docht muoite om oan ús behoeften temjitte te kommen. As alles goed giet, sille fruit en folkoaren iten diel útmeitsje fan it oanbod yn’e kantine, sadat elkenien derfan genietsje kin. “].
- Planning fan de kommunikaasje
- Wurkje gear mei groepen om fêst te stellen:
- Kommunikaasjekanalen dy’t transparant en oannimlik binne. [ bgl. it prikboerd fan de skoalle, in social media account mei adekwate bemiddeling, in betroubere online enkête… ].
- Kearnsinnen dy’t goed wurkje yn beide talen.
- Tiidline fan aktiviteiten.
- Mooglike útdagingen dy’t se tsjinkomme kinne. Dat is benammen wichtich om’t net alle kampanjes slagje sille. Oan de ein fan it projekt wurdt fan elkenien ferwachte dat se reflektearje op de útdagingen dy’t se ûnderfine en dit is in goede gelegenheid om te antisipearjen op eventuele problemen en hoe’t se oanpakt wurde kinne.
- Planning fan middels
- Help groepen by it meitsjen fan listen mei:
- Materialen dy’t nedich binne [ bgl. printer, kompjûterromte, kamera’s… ]
- Minsken om kontakt mei op te nimmen [ bgl. de sekretaresse fan de skoalle om in gearkomste te regeljen, de âlderried / MR… ].
- Romtes dy’t brûkt wurde kinne [ bgl. in mienskiplike romte, posters op de muorre plakke, in gearkomsteromte… ]
- Stipe dy’t nedich is fan meilearlingen, famyljes of oar skoalpersoniel [ bgl: in enkête omgean en ynfolje litte, in foarstel beoardielje… ]
De groepen moatte harren wichtichste punten yn de minderheidstaal opstelle en in plan fan harren aktiviteiten mei in tiidskema yntsjinje. Oanret wurdt om in deadline te stellen foar it ôfmeitsjen fan de aktiviteiten en in pear kantoaroeren frij te meitsjen foar eventuele ekstra stipe.
Húswurk: ‘Content’ kreëarje (tiidsbesteging ôfhinklik fan de plannen fan de learlingen)
- De learlingen meitsje twatalich materiaal, lykas posters, posts op sosjale media, flyers, koarte fideo’s…
- Learlingen moatte de ynhâld dy’t se meitsje foarlizze as ûnderdiel fan harren evaluaasje, omdat wis wêze moat dat de ynhâld autentyk is en dat it folget op wat se by sesje 2 ôfpraat hawwe.
Dizze aktiviteit is foarbehâlden oan learlingen tusken 16 en 18 jier, omdat fan harren ferwachte wurdt dat se selsstannich en ferantwurdlik wurkje. Net alle kampanjes sille slagje of ferrinne sa as pland. Wy riede oan om harren wurk te evaluearjen op grûn fan it skreaune materiaal dat se presintearje, harren kreativiteit om harren taal sichtber te meitsjen en harren selsbetrouwen wannear’t se harren befinings presintearje.
Sesje 3: Evaluaasje en refleksje (40 minuten)
- Lit de groepen in koarte mûnlinge presintaasje jaan yn de taal fan de minderheid dy’t se behannelje:
- Wat wurke goed? [ Bgl.:” De direkteur en it kafetariapersoniel hiene mei ús ôfpraat en stiene iepen foar ús ideeën. “].
- Wat wie in útdaging? [ Bgl.: ” Wy holden der gjin rekkening mei dat de measte learlingen harren lunsj fan thús meibringe. Dêrom is it oanbod yn de kantine beheind ta hâldbere produkten. “].
- Hoe fûnen se it om de minderheidstaal te brûken foar de kampanje? [ Bgl.:” It wie in geweldige kâns om ús taal bûten dizze klasse te brûken en in pear learlingen út oare klassen fregen ús nei de kampanje. “].
- Wat soene se oars dwaan? [ Bgl.: ” Wy soene de âlderried benaderje sadat sy ús stypje kinne soene en wy soene kampanje fieren bliuwe om de kantine yn de takomst te ferbetterjen. “].