OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

Swart, Griis en Wyt


Area of Interest: Diverse communication settings

Skills: Writing

Competences: Discourse competence

Age Bracket: 6 – 10

Time Commitment: Under 30 minutes

Affordability:

Materials:

Kopy fan de oefeningen “Negro, cinzento e branco” út it Mirandese boekje “Daprender mirandés ye Thorsbrincadeira” (of, idealiter, in kopy fan it boekje) fan Julanda Delgado.

Studinten moatte harren deistige lesmaterialen by harren hawwe: potleaden, pinnen, papier / skriften en ek kleurpotleaden / kryt / wetterferve.

Expert recommendations:

Ofhinklik fan de doelstellingen en de beskikbere tiid kin de learkrêft de learlingen begripe litte hoe’t griis ferkrigen wurdt (in mingsel fan wyt en swart) of hoe’t in oare kleur ljochter / tsjusterder makke wurdt – troch wyt of swart ta te foegjen. Se kinne de learlingen ek begripe litte wat it resultaat is fan it mingen fan bepaalde kleuren (bygelyks giel en read = oranje,…).

Dizze oefening kin brûkt wurde om de stúdzje / it learen fan kleuren te begjinnen, en yn lettere lessen kin it útwreide wurde mei de oare besteande kleuren.

Dizze oefening kin maklik brûkt wurde yn elke kontekst en mei elke minderheidstaal.

Language: Frisian

Translations:

Black, Grey and WhiteMelns, pelēks un baltsPreto, cinzento e brancoSvart, grå og hvitZwart, Grijs en Wit

Dizze oefening makket diel út fan boekje nr. 2 “Daprender mirandês ye Nortbrincadeira” fan Julanda Delgado. 

  1. De learkrêft begjint mei it presintearjen fan de oefening en makket de doelstellingen dúdlik (ferjit net dat wy te krijen hawwe mei tige jonge learlingen, mei alle gefolgen dêrfan foar de motivaasje en it fêsthâlden fan de konsintraasje). 
  2. Yn ynteraksje mei de klasse kin de learkrêft in oersjoch jaan fan alle foarwerpen / bisten yn de oefening en har kleuren (ferjit net dat wy, sjoen de leeftyd fan de learlingen, te krijen hawwe kinne mei in groep mei in hiel lege lêsfeardigens) (15 min) 
  3. Freegje de learlingen om yn har skrift oare yllustraasjes te tekenjen fan bisten / foarwerpen dy’t swart, griis of wyt binne en dy’t te skilderjen binne mei de materialen dy’t foar de les keazen binne – kleurpotleaden, akwarelferve, kritsjes (as se gjin oare bisten / foarwerpen fine kinne, kinne se in pear fan de bisten / foarwerpen út de oefening tekenje) (15 min) 
  4. De learlingen kinne (ôfhinklik fan de kontekst en de bedoeling fan de learkrêft) de namme fan it foarwerp / bist njonken elk fan harren skriuwe, lykas de namme fan de kleur. (5 min)