Area of Interest: Diverse communication settings
Skills: Speaking
Competences: Discourse competence
Age Bracket: 0 – 5
Time Commitment: Under 30 minutes
Affordability: €
Materials:
In rút mei in dúdlik sicht nei bûten (ast gjin dingen op it rút fan it klasselokaal plakke kinst, kinst in stik blau papier knippe en dat mei magneten op it whiteboard plakke),
Basissymboalen foar it waar, tekene of ôfdrukt op kaarten (sinne, wolken, rein, snie, ensfh.)
Plakbân of magneten foar it whiteboard,
(Opsjoneel) Ienfâldige seizoensrelatearre rekwisieten (sinnebrillen, moffen, seizoensfruit, fakânsjedekoraasjes).
Expert recommendations:
Dizze deistige rûtineaktiviteit helpt hiel jonge bern by it learen fan waar-wurdskat en basisútdrukkingen yn’e minderheidstaal, wylst it learen fan’e taal keppele wurdt oan harren direkte omjouwing. De aktiviteit kin thús of yn in foarskoalske edukative omjouwing dien wurde.
Lykas by alle rûtineaktiviteiten riede wy oan de taal ienfâldich en konsekwint te hâlden en alle dagen deselde sinnen te brûken. Dizze aktiviteit is ideaal foar bern fan 3 -5 jier. Ast foar lytsere bern soargest, is it makliker om de rûtine te folgjen wannear’t it bern oankomt (bgl. ast de jas of rêchtas útpakst), yn dizze tiid kinst de wjerrelatearre wurden beklamje mei gebearen en lûden.
Language: Frisian
Stap 1: Tarieding (op in momint foardat de bern oankomme)
- Kies in plak foar it “waar-rút” op bernehichte yn de buert fan in echt rút
- Print, knip en laminearje ienfâldige waarsymboalen dy’tst maklik befêstigje en ferwiderje kinst
- Set seizoensbûne rekwisiten yn’e buert (ast se brûkst)
Stap 2: It waar moarns kontrolearje (alle dagen 5 -10 minuten)
- Sammelje bern by it rút, idealiter alle dagen op’e selde tiid om dy te helpen dyn rûtine yn’e klasse te fersterkjen.
- Tegearre nei bûten sjen
- Brûk ienfâldige sinnen yn de minderheidstaal lykas “Litte we ris nei it waar sjen” of “Wat is der hjoed bûtendoar?”.
- Wiis nei de loft, wolken, sinne of rein as dit te sjen is
- Sis de waarwurden dúdlik foar yn’e minderheidstaal
Stap 3: Ynteraktive eleminten
- Lit de bern bypassend wer oanwize op harren “waar-rút”.
- Stimulearje âldere bern (3 -5) om it goede symboal op it skerm te pleatsen.
- Brûk ienfâldige fragen lykas “Is it kâld bûten?” mei oerdreaune gebaren
- Meitsje bewegingen dy’t passe by it waar (springe as reindrippen, sweve as snieflokken)
Stap 5: Utwreidingsaktiviteiten (opsjoneel, foar 3 -5 jier)
- Ast tiid hast, kinst dizze aktiviteit útwreidzje mei in spultsje en beweging:
- Dingen sebeare dwaan dy’t mei it waar te krijen hawwe (tinkbyldige reinlearzens of sinnebrillen oanlûke, tinkbyldige paraplu’s iepenje of in tinkbyldich iisko ite)
- Klean ôfstimme op it waar (gebrûk freegje as “Wat drage wy as it kâld is?” of “Wa hat hjoed in mûtse meinommen?”)
- Waarlûden meitsje (kletterjende fingers foar rein, suizende lûden foar wyn, ensfh.)