Set it yn de kalinder en doch mei oan ús lêste OWL+ evenemint yn novimber!
Wat hat in dosint Frysk (yn oplieding) yn it primêr ûnderwiis nedich om it wurk goed dwaan te kinnen? Wêr soene sy stipe by brûke kinne, as it giet om it trochjaan fan it gebrûk fan dizze minderheidstaal? Wat soene sy meijaan wolle oan dosinten fan oare minderheidstalen yn Europa, en wat soene sy fan harren leare kinne?
Dizze fragen steane sintraal op it evenemint fan it projekt OWL+ (owlplus.eu), dat fan Fryslân út begelieden wurdt troch Mercator. Woansdeitemiddei 6 novimber komme wy yn Ljouwert byinoar om kennis út te wikseljen en ynspiraasje op te dwaan om de minderheidstaallessen op in ynnovative manier yn te foljen. Dochsto mei oan it útwikseljen fan ûnderfiningen yn in ynformele setting? It evenemint is iepen foar dosinten (yn oplieding) yn it primêr ûnderwiis, professionals op it mêd fan ûnderwiis en studinten yn it fjild fan minderheidstalen en meartaligens. Dielname is fergees en kinst dy maklik opjaan fia dit formulier!
https://forms.office.com/e/JWHU0rJAAX
Wannear? 6 novimber 2024, 14.00-17.00
Waar? Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar, Ljouwert.
Mear details folgje ynkoarten. Wy hjitte dy graach wolkom fan 14:00 oant 17:00 oere mei borrel nei ôfrin!
It evenemint is yn it Frysk en Ingelsk.