OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

Lêzen Oefenje mei Penpal


Area of Interest: Diverse communication settings

Skills: Reading

Competences: Discourse competence

Age Bracket: 6 – 10

Time Commitment: 30 – 60 minutes

Affordability: €€€

Materials:

Penpal
Boeken

Expert recommendations:

Language: Frisian

Translations:

Practicing reading with PenpalLasīšanas praktizēšana ar PenpalPraticar a leitura com o PenpalØve på å lese med PenpalLezen Oefenen met Penpal

Yn dizze aktiviteit sille de learlingen teksten lêze en beharkje mei help fan Penpal. Dit is in elektroanysk didaktysk apparaat, in kombinearre MP 3 – spiler en tekstscanner, wêrmei’tst boeken / teksten side foar side kinst’ foarlêze’en lûdsbestannen kinne uploade dy’t aktivearre wurde troch hotspots / barcogus ckers (https://uk.mantralingua.com/products/penpal). 

 

It doel fan de aktiviteit is dat de learlingen har rjochtsje op lêstraining en begripend harkje, troch: 

  • Te harkjen nei, ûndersiken fan en kreatyf wurkjen mei teksten 
  • De ynhâld fan teksten te lêzen en bekommentariearjen 

 

Stap 1. Tarieding 

Om dizze aktiviteit út te fieren, wurdt derfan útgien dat de skoalle Penpal oanskaft hat om les te jaan. Dêrneist is wat tarieding troch de learkrêft needsaaklik. De learkrêft moat de relevante teksten yn it foar yn Penpal foarlêze, sadat de learlingen nei de skreaune teksten harkje kinne. De learkrêft moat ek stikkers plakke op de boeken dy’t de learlingen lêze moatte. 

 

De learkrêft ynformearret de learlingen oer wat se dwaan moatte en hoe’t Penpal wurket. De learlingen krije elk harren eigen Penpal mei it boek of de tekst dy’t se lêze sille, sadat se leare hoe’t it wurket. De learlingen kinne ien oan ien of twa oan twa sitte. 

 

It is miskien net handich om alle learlingen byinoar yn it klaslokaal sitte te litten, omdat it dan lawaaierich wêze kin. Aparte romten (binnen of bûten) wurde oanrekommandearre. 

 

Dizze aktiviteit kin oanpast wurde oan ûnderskate feardigensnivo’s. Learlingen dy’t net goed lêze kinne, kinne harkje nei foarlêzen / ynfolle teksten, wylst learlingen dy’t goed lêze kinne nei drege boeken harkje kinne of sels teksten lêze kinne op Penpal, om de klam fan lettergrepen, útspraak en yntonaasje te oefenjen. 

 

Stap 2. Oefenje mei Lêzen 

Basisnivo 

De learlingen wurkje allinnich of gear mei in meilearlingen en diele in Penpal en byhearrend boek. De learlingen moatte op in plak sitte dêr’t se ûnsteurd wurkje kinne. Wannear’t de learling Penpal tsjin de sticker yn it boek hâldt, lêst Penpal it. Wylst Penpal it boek “lêst”, kinne de learlingen meilêze. 

 

De learkrêft kin de opdracht tariede en útfiere op in tal side (’s) of nei it earste haadstik. Dat hinget ôf fan de feardichheden en kompetinsjedoelen fan de learlingen. 

 

As de learlingen nei de tekst / it boek harke hawwe, kinne se deselde siden sels lêze, lûdop of yn stilte. 

 

Dan kin de learkrêft bygelyks in pear opdrachten of fragen jaan nei elke side of nei elk haadstik. 

 

Dat kinne grammatikafragen wêze of taken lykas: 

  • “Sykje alle selstannige namwurden, eigenskipswurden en/of tiidwurden yn de tekst”. 

 

It kinne ek fragen wêze dy’t ferbân hâlde mei de ynhâld fan it boek, lykas: 

  • “Wêr giet it boek oer?”. Of: “Oer wa giet it boek”, ensfh. 

 

Foardere nivo 

Learlingen op in heger leeftiidsnivo of learlingen mei in bettere taalfeardigens kinne de taak krije om in boek of tekst foar te lêzen yn Penpal. It doel dêrfan is om de útspraak en it lêzen te oefenjen, troch te wurkjen mei opdrachten lykas: 

  • Utspraak fan fonologyske fenomenen dy’t relevant binne foar de taal yn kwestje: bygelyks koarte en lange klinkers, twaklanken en oare klanken fan de taal, 
  • Prosody, lykas yntonaasje en klam fan lettergrepen. 

 

Dit moat barre yn in praktyske setting, lykas de yntonaasje fan in freegjende sin, in gebiedende sin en in ûntkennende sin. 

 

In foardiel fan it brûken fan Penpal dêrfoar is dat de learlingen yngeand oan de slach kinne mei dizze taken en dêrnei it lûdsbestân ferwiderje kinne út Penpal as se in nij lûdsbestân ynfiere wolle. 

 

De learkrêft kin taken en fragen tafoegje oan elke side of oan elk haadstik: 

  • Grammatataken, lykas “Sykje ynfinitiven, tiidwurden yn inkeldfâld, twa of trije getallen, objekten, eigenskipswurden (alle ferbûgingen)”, en 
  • Fragen oer de ynhâld fan de tekst. 

 

As de learlingen yn twatallen sitte, kin dy opdracht sawol mûnling as skriftlik útfierd wurde.