OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

Talen Leare troch Groepslêzen


Area of Interest: Diverse communication settings

Skills: Speaking

Competences: Discourse competence

Age Bracket: 6 – 10

Time Commitment: 30 – 60 minutes

Affordability:

Materials:

Twa eksimplaren fan in printeboek
Yn it foar makke wurdlist(en) / wurdboeken

Expert recommendations:

Language: Frisian

Translations:

Learning languages by group readingValodu apguve, lasot grupāAprender línguas através da leitura em grupoLære språk gjennom gruppelesingTalen Leren door Groepslezen

It doel fan de aktiviteit is dat de learlingen harren wurdskat fan de earste en / of twadde taal fergrutsje troch yn in groep in printeboek mei amper of gjin tekst te lêzen. De aktiviteit kin oanpast wurde oan ferskate taalnivo’s, ôfhinklik fan hokker printeboek brûkt wurdt. De aktiviteit kin sawol yn ientalige as meartalige groepen brûkt wurde. De aktiviteit kin it aktive en passive begryp en de behearsking troch de learlingen fan wurdskat út syn / har taalrepertoire en oare talen yn’e groep fergrutsje. 

 

De klam leit op mûnlinge taal, mar oare feardichheden kinne ek stipe wurde troch dizze aktiviteit. 

 

Stap 1: 

De learkrêft kiest in printeboek dat him / har geskikt liket foar de aktiviteit op klasnivo. As de groep en de romte grut is, kin it handich wêze om twa eksimplaren fan it boek te hawwen, sadat de twa learkrêften it boek tagelyk oan alle learlingen sjen litte kinne. As mooglik, rekken hâldend mei de tiid en de kapasiteit fan de learkrêft, makket de learkrêft foarôf in wurdlist / wurdboek. 

 

As lêste moat de hiele klasse foarsjoen wêze fan tekenpapier en in goede seleksje kleurpotleaden / potleaden. 

 

Stap 2: De groepslêzing 

De aktiviteit wurdt organisearre troch ien, of leafst twa learkrêften. Ien learkrêft liedt in lêsaktiviteit foar de groep, troch hints te jaan oer de ynhâld en it haadferhaal fan it boek, wylst hy of sy it printeboek sjen lit en der stadich trochhinne blêdet, bledside foar bledside, op it tempo fan de learlingen. 

 

It is de bedoeling dat it lêzen de foarm oannimt fan in dialooch, wêrby’t de twadde learkrêft de dialooch fersterket troch de learlingen bledside nei de relevante parten fan it ferhaal te lieden en wêr nedich te helpen om it petear wer op it goede spoar te krijen. 

 

As der mear as ien (minderheids)taal fertsjintwurdige is yn de groep, is it oan te rieden dat de learkrêften in lytse wurdlist / wurdboek meitsje, basearre op de wichtichste personaazjes, ynhâld en aksje fan it boek. Foar safier mooglik moatte de wurden oanfolle wurde mei in tekening / foto, kopiearre út it boek of oare boarnen, as fisuele stipe. 

 

Sels as gjin fan de learkrêften de yn de groep fertsjintwurdige minderheidstalen kent, kin de wurdlist yn de groep hinne en wer brûkt wurde om de dialooch te fersterkjen, trochdat learlingen en learkrêften it wurd yn printe foarm of mûnling werkenne. 

 

Dat soarte fan aktiviteiten wurdt stipe troch de translanguaging teory, dy’t stelt dat alle minsken, sawol ientaligen as meartaligen, ien taalrepertoire hawwe dêr’t se de skaaimerken út selektearje dy’t se nedich hawwe om te kommunisearjen.