OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

Taallearen troch in Keunstworkshop


Area of Interest: Diverse communication settings

Skills: Listening

Competences: Social competence

Age Bracket: 11 – 15

Time Commitment: Over 60 minutes

Affordability: €€

Materials:

Wurdboeken
Lym, skjirre, papier, in stik karton, hout of sokssawat
Fervekleuren
Kleurpotleaden, pinsiel
Tagong ta in bûtenromte dêr’t se blêden, takjes, stiennen, moas ensfh. sammelje kinne.
Jern, trie, tou of sokssawat

Expert recommendations:

Language: Frisian

Translations:

Learning language by art workshopValodas apguve ar mākslas darbnīcas palīdzībuAprender línguas através de uma oficina de arteLære språk gjennom kunstverkstedTaalleren door een Kunstworkshop

It doel fan de aktiviteit is dat de learlingen harren wurdskat fergrutsje en harren begjinne út te drukken yn ienfâldige en / of langere sinnen. De klam leit dêrby op de mûnlinge taal. De aktiviteit kin oanpast wurde oan it taalnivo fan de learlingen. 

 

Yn dizze aktiviteit leare de learlingen termen en / of sinnen troch te knutseljen. Learkrêften kinne it tema yn it foar bepale oft de learlingen meidwaan litte oan de kar fan it tema. 

 

In alternatyf is dat de learlingen in skilderij meitsje as harren keunstwurk. De oare opsje is dat de learlingen, troch harren kreativiteit en winsken, kieze hokker materialen se brûke wolle en dat dêrnei presintearje. 

 

De taken kinne oanpast wurde oan it taalnivo fan de learlingen. It doel is om nije wurden, termen en sinnen te learen troch keunst. Ek leare se praten en presintearjen oan it publyk yn de minderheidstaal. Dêrneist moatte se harren rjochtsje op útspraak. 

 

De materiaalkar kin fariearje op basis fan’e winsken fan’e learlingen en dêr’t de skoalle tagong ta hat. Wy riede oan om yn de natuer te sykjen, dy’t ryk is oan ferskillende materialen. Dit is foaral in leuke aktiviteit yn de hjerst, mar kin fansels it hiele jier troch dien wurde. 

 

Dizze aktiviteit kin yn ien les dien of opdield wurde yn twa lessen, wêrby’t de learkrêft yn de earste les beskriuwe kin wat se dwaan sille, wêrnei’t materiaal sammele wurde kin yn de natuer. Yn de folgjende les kinne se begjinne mei de keunstwurken en eventueel begjinne mei presintaasjes fan de keunstwurken. 

 

Wy stelle út om dizze aktiviteit ûnder twa lessen út te fieren, wêrby’t yn de earste les de materialen sammelet en tariedt (drûget), en yn de twadde les mei de materialen wurket en mei wurden, termen en sinnen foar de presintaasje. 

 

Stap 1: Tarieding 

Yn’e earste les presintearret de learkrêft de aktiviteit oan’e learlingen. As de learkrêft derfoar kiest om allinnich ferve, kleurpotleaden ensfh. te brûken, is der gjin grutte tarieding nedich. As de learlingen nei bûten gean om materiaal yn de bosk / natuer te sammeljen, is der mear tiid nedich. As de materialen drûgje moatte, moat dit yn de earste les taret wurde. 

 

Stap 2: It keunstwurk meitsje 

Yn de twadde les meitsje de learlingen elk harren eigen keunstwurk mei de materialen dy’t se sammele hawwe. Hjir kinne de learlingen har kreativiteit en ferbylding brûke. Se kinne bygelyks materialen lykas blêden, takjes, stiennen, gers, mos ensfh. op in boerd of papier plakke of de materialen gewoan oan elkoar plakke. Dit is in aardige aktiviteit om te dwaan yn de hjerst as der in soad moaie kleuren yn de natuer binne. 

 

Stap 3: De presintaasje

Nei it meitsjen fan harren keunstwurk moatte de learlingen begjinne mei it tarieden fan harren presintaasje fan it keunstwurk. De ynhâld fan de presintaasjes kin gean oer it keunstwurk dat se makke hawwe, de materiaalkar, wat it keunstwurk foarstelle moat, it idee achter it keunstwurk, ensfh. Nei’t de learling syn / har presintaasje jûn hat, kinne de learkrêft en / of klasgenoaten fragen stelle.