OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

Taallearen fia Sosjale Media


Area of Interest: New technologies and social media

Skills: Reading

Competences: Discourse competence

Age Bracket: 11 – 15

Time Commitment: 30 – 60 minutes

Affordability:

Materials:

Wurdboeken
Instagram / Snapchat akkount(s)
Fantasy

Expert recommendations:

Language: Frisian

Translations:

Language learning through social mediaValodu apguve, izmantojot sociālos medijusAprendizagem de línguas através das redes sociaisSpråkopplæring gjennom sosiale medierTaalleren via Sociale Media

It doel fan de aktiviteit is dat de learlingen harren mûnlinge taal ûntwikkelje en har komfortabel en selsfersekere fiele yn it praten fan de taal mei help fan bygelyks Instagram of Snapchat. 

 

By dizze aktiviteit moatte de learlingen / klasse tegearre in Instagram-of / Snapchat-account oanmeitsje. Dit account kin allinnich foar de klasse wêze, mar it kin ek iepen wêze sadat oare jongeren it ek sjen kinne, de taal leare kinne en ynteressearre of ynspirearre reitsje troch de taal. Leararen en âlden kinne dit tegearre beslisse. 

 

We stelle foar dat it account yn earste ynstânsje allinnich foar de klasse is, sadat de learlingen harren feilich en op harren gemak fiele by it meitsjen fan mûnlinge posts op sosjale media, foardat it úteinlik iepenbier makke wurdt. It is wichtich dat learlingen en learkrêften tegearre regels opstelle foar wat der oer skreaun wurde mei, dêr’t kommentaar op jûn wurde mei, ensfh. Dit is in terrein dat jongeren goed kenne. Troch in Instagram-account oan te meitsjen wêr’t de minderheidstaal de haadtaal is, sjogge studinten in needsaak om de taal te learen. Troch it Instagram-account ek foar oaren iepen te stellen, kinne de learlingen yn de klasse goede taalmodellen wurde en oaren ynspirearje om nijsgjirrich te wurden nei de taal. 

 

It is wichtich dat der romte is foar humor yn dizze aktiviteit. Dêrom hoechst yn earste ynstânsje net safolle omtinken te jaan oan grammatika, want it doel is dat de learlingen in leuke tiid hawwe en eventuele taalbarriêres oerwinne. 

 

It is mooglik om dizze aktiviteit yn ien les út te fieren, mar wy riede oan om der wat mear tiid oan te besteegjen, oer in langere perioade. Der binne in soad manieren om dit op te setten. It hinget der ûnder oare fan ôf hoefolle learlingen oft der yn de klasse sitte. As de klasse frij grut is, kinne der wykliks twa berjochten publisearre wurde oer in langere perioade, mar as it in lytse klasse is, kin der alle wiken of om’e wike in berjocht publisearre wurde. 

 

It wichtichste fan dizze aktiviteit is dat de learlingen de needsaak ynsjogge om de taal te learen en selsfersekerder wurde yn harren mûnlinge taalgebrûk. 

 

Stap 1: Tarieding 

Ried learlingen foar op it oanmeitsjen fan it account en op de ferwachtingen en regels dy’t jilde wannear’t se dit dogge. 

 

Foar de les moat de learkrêft in Instagram / Snapchat-account oanmeitsje, de brûkberens fan it account kontrolearje en, as it nedich is, learlingen en âlden om tastimming freegje om in account yn in ûnderwiiskontekst te brûken. 

 

Stap 2. Les mei planning fan Instagram posts en presintaasje 

Basisnivo 

Yn dizze les bepraat de learkrêft mei de learlingen watfoar post oft se meitsje moatte en publisearje. Wy riede oan dat de learkrêft de learlingen betrekt by it kiezen fan it ûnderwerp, sadat dit in aardich en nijsgjirrich ferslach wurdt. 

 

Yn de earste post is it miskien oan te rieden dat elke yndividuele studint in lytse presintaasje fan harsels makket: Wa’t se binne, leeftiid, wenplak, hobby’s en in bytsje oer wat se wolle mei dit Instagram / Snapchat account. As alternatyf kinne twatallen mei-inoar in presintaasje meitsje wêrby’t se inoar ynterviewe. Dizze opsje kin de foarkar hawwe as de learlingen har net bot op harren gemak fiele by it presintearjen. 

 

Wurk oan de presintaasje, sykje wurden, útdrukkingen en taal sinnen yn de taal fan de learling. Dêrnei moatte se de mûnlinge presintaasje oefenje en eventueel foto’s en fideo’s meitsje. Sadree’t dat klear is, kinne se harren berjochten op it account publisearje. 

 

Gefoardere nivo 

De learlingen kinne ek yn twatallen of trijetallen wurkje en in post meitsje yn de foarm fan in ynterview, wêrby’t se oefenje yn it stellen en beäntwurdzjen fan fragen. 

 

Elke learling kin in geheim foarwerp presintearje, dêr’t de learling in pear kaaiwurden by jout oer it foarwerp, grut of lyts, foarm, geur, ensfh. 

Op basis fan dizze beskriuwing moatte de oaren riede wat foar foarwerp dit is. De oare learlingen skriuwe yn it kommentaarfjild wat dit is, of wat se tinke dat it wêze kinne soe. Oan de ein fan de wike wurdt it goede antwurd publisearre en wurdt der in foto pleatst. 

 

Dy aktiviteit kin in lyts projekt yn’e klasse wêze en foar in langer skoft duorje, om in oanhâldende training te krijen yn útspraak en toan fan de stim, yn it beskriuwen leare, harkjen, beskriuwingen begripe en yn skriuwen. Tagelyk is it in aktiviteit binnen sosjale media, dêr’t jongeren in soad tiid oan besteegje.