1 Wêr kinst Frysk lêze en hearre?
Wêr kinst it Frysk fine? Hjirûnder fynst basisynformaasje oer de gebieten dêr ’t it Frysk te finen is, oft der mar ien Fryske taal is, en yn hokker konteksten minsken der gebrûk fan meitsje kinne.
Witsto al wêr 't it Frysk praat wurdt? Klik op de ôfbylding om te sjen oftst it juste gebiet fine kinst!
It Frysk dêr 't we yn dizze module mear oer leare sille, wurdt praat yn de Nederlânske provinsje Fryslân. Guon minsken neame it West-Frysk om it te ûnderskieden fan twa oare Fryske talen dy 't yn Dútslân sprutsen wurde. Dy talen wurde Noard-Frysk en Sealter-Frysk neamd. Mei likernôch 450.000 sprekkers[1] (Klinkenberg et al 2018, taalportaal, taalatlas 2020) is it Frysk dat yn Fryslân praat wurdt de Fryske taal mei it grutste tal sprekkers.
De trije wichtichste regionale fariëteiten fan it West-Frysk binne Súdhoeksk, Wâldfrysk en Klaaifrysk.
Standert Frysk is benammen basearre op Klaaifrysk, mar it ferskilt fan alle trije de wichtichste regionale fariëteiten.
Neist wurdboeken en grammatikaboeken is standert Frysk ek kodifisearre yn learmiddels. Kinst mear te witten komme oer Fryske learmiddels yn haadstik 2.
Neist West-Frysk yn Fryslân(donkerblau) wurde der oare Fryske talen praat, nammentlik Sealter-Frysk en Noard-Frysk, beide yn Dútslân.
Sealter-Frysk wurdt sprutsen yn guon doarpen (ljochtblau) yn de buert fan Cloppenburg yn de dielsteat Nedersaksen.
It Noard-Frysk is te finen yn parten fan West-Schleswig-Holstein (blau).
Pop quiz time!
Yn de folgjende seksje sil men mear te witten komme oer de minsken dy 't Frysk prate.
Referinsjes
Gerbrich de Jong, Eric Hoekstra 2020: A general introduction to Frisian https://taalportaal.org/taalportaal/topic/pid/topic-14225224491227143 [18-10-2022]
Provinsje Fryslân. (2020). De Fryske Taalatlas: Fryske Taal yn Byld. [The Frisian Language Atlas:
Frisian Language in Image]. Ljouwert/Leeuwarden: Provinsje Fryslân.
https://www.freeworldmaps.net/de/europa/reliefkarte-europa-hd.jpg
- https://taalportaal.org/taalportaal/topic/pid/topic-14225224491227143 ↵