11 Fryske sprekkers bûten Fryslân & ynternasjonale gearwurking
Yn dit haadstik sille wy sjen nei inkelde gearwurkingen en mienskiplike aktiviteiten tusken de West-Fryske organisaasje en minderheidsgroepen yn Europa.
De Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK) is in West-Fryske jeugdorganisaasje dy 't útwikseling siket mei oare minderheidsorganisaasjes foar jongeren yn Europa. Se organisearje reizen en aktiviteiten binnen en bûten Nederlân, en wylst se de útwikseling mei oare minderheidsgroepen mooglik meitsje, stribbet FYK der ek nei it bewustwêzen ûnder de Fryske jongerein te fergrutsjen oer harren eigen taal, kultuer en posysje as minderheid.
De Federal Union of European Nationalities (FUEN) is in platfoarm dêr 't fertsjintwurdigers gearkomme. FUEN is de oerkoepeljende organisaasje fan autochtoane, nasjonale minderheden / etnyske groepen yn Europa en behertiget de belangen fan Europeeske minderheden op regionaal, nasjonaal en Europeesk nivo. Binnen dizze uny binne wurkgroepen aktyf, en de ûnderskate Fryske groepen[1] meitsje diel út fan de wurkgroep Non-Kin-State minorities (NKS).
Yn haadstik 1 hawwe wy kennis makke mei de oare Fryske talen bûten Nederlân, spesifyk it Noardfrysk en it Sealter-Frysk yn Dútslân. Tusken de mienskippen is der wittenskiplike en maatskiplike útwikseling.
De Ynterfryske Ried fertsjintwurdiget de belangen fan alle Fryske groepen nei de bûtenwrâld ta. It bestiet út fertsjintwurdigers fan de trije lokale Fryske rieden (út de Nederlânske provinsje Fryslân, East-Fryslân yn Nedersaksen, en út Noard-Fryslân en op Helgolân yn Sleeswyk-Holstein)[2].
Lêzingen wurde meiorganisearre, lykas de earste "Dai fon do Seelter" (Dei fan it Sealter-Frysk) yn juny 2023 yn Ramsloh / Roomelse yn Nedersaksen, Dútslân. It wie in mienskiplik evenemint fan de Fryske Akademy (NL), Seelters Kontoor (DE) en de Sater-Fryske koepelorganisaasje Seelter Buund. Dêrneist finansieret de Fryske Akademy sûnt febrewaris 2023 in nij oansteld personielslid by it Seelters Kontoar. Meiwurkers fan it Kontoar stribje dernei om it Sealter-Frysk te fersterkjen mei ûndersyk, stipe en emansipaasje fan de Sealter-Fryske taalmienskip.
Utwikselingen en gearwurkingen op akademysk nivo omfetsje bygelyks it publisearjen fan de Sealter-Fryske grammatika (Slofstra & Hoekstra, 2022 ). Dit wie in gearwurking tusken ûndersikers fan de Fryske Akademy, Sealter-Fryske dosinten en de wittenskiplik meiwurker foar it Sealter-Frysk.
In oar foarbyld is it Tydskrift foar Frisistyk (University of Groningen Press) dat papers publisearret oer de Fryske taal en literatuer. De Dei fan de Fryske taalkunde , geregeldwei organisearre troch de Fryske Akademy, stiet iepen foar foarstellen foar papers yn alle dielgebieten fan de taalkunde en oer alle Fryske talen. Rapporten oer rinnend of foltôge ûndersyk binne wolkom, lykas ynstjoeringen fan nije projekten.
Dêrneist is der de Conference on Frisian Humanities dy 't foar de twadde kear plakfûn yn 2022[3]. De konferinsje beslacht in breed skala oan ûnderwerpen en ferwolkommet ûndersikers en beoefeners út ferskate eftergrûnen, mar dy ’t allegearre slaan op it Frysk (alle Fryske talen ). Yn 2022 behannele it programma Fryske taalkunde, skiednis, ûnderwiisûndersyk, taalplanningsprojekten en meartalige projekten yn Fryslân.
Wichtige punten
Dit lytse oersjoch hat dy hooplik in idee jûn fan hoe 't ferskate groepen binnen deselde mienskip gearwurkje en útwikselje mei oare minderheidsgroepen.
- Witst fan útwikselingen tusken dyn mienskip en oare groepen?
- Yn watfoar soarte útwikselingen bist ynteressearre?
- Hoe kin it dy persoanlik en profesjoneel te 'n goede komme?
- The three Frisian organisations represented are Ried fan de Fryske Beweging, EBLUL Deutschland - Komitee für Regional- und Minderheitensprachen, Friisk Foriining) ↵
- ( West Frisian: Fryske Rie, Sater Frisian: Fräiske Räid, North Frisian: Frasche Rädj) ↵
- The 2nd conference on Frisian humanities took place and was organised by 5 partners: Fryske Akademy, Leeuwarden (NL); Mercator European Research Centre on Multilingualism and Language Learning, Leeuwarden (NL); NHL Stenden University of Applied Sciences – Lectorate Multilingualism & Literacy, Leeuwarden (NL); University Groningen – Frisian language and literature, Groningen (NL); University Groningen / Campus Fryslân ↵