7 Publike romte en media
Publike romte en media
Signage in Fryslân
De (ûn)sichtberens fan it Frysk yn it lânskip
Kinst fertelle wannear ' tst Fryslân binnenkomst troch nei de taal op buorden te sjen? De taal op iepenbiere buorden (ferkearsbuorden en strjitnammen, buorden op oerheidsgebouwen) en kommersjele buorden (reklamebuorden en winkelbuorden) wurdt de taalkundige lânskip neamd. It ferfollet twa wichtige funksjes: it ynformearret minsken oer de taalkundige skaaimerken fan de regio, mar it hat ek in wichtige symboalyske funksje. Lykas Landry en Bourhis stelle: ' de afwezigheid of aanwezigheid van je eigen taal op openbare borden heeft invloed op hoe je je voelt als lid van een taalgroep binnen een twatalige of meartalige omgeving ' (1997: 24 -25 ). Dat betsjut dat de taalkundige omjouwing in legitimearjend effekt hat op in taal.
Dus, hoe legitym is de Fryske taal, as wy sjogge nei de taalkundige omjouwing? Sa ’t wy sjoen hawwe yn haadstik 1.3wurdt de taal ynstitúsjoneel goed stipe. Mar de taalkundige omjouwing wjerspegelet dat net echt. Yn de haadstêd fan de provinsje, Ljouwert, is mar 3% fan de winkelbuorden Frysk, wylst 2% in kombinaasje fan Frysk en Nederlânsk is (Cenoz en Gorter 2006). Op it plattelân wurdt mear gebrûk makke fan Fryske buorden as yn stedsgebieten (Edelman 2014; Trincheri 2015), mar sels dêr oerhearsket it Nederlânsk. Sterker noch, de measte twatalige buorden binne Nederlânsk-Ingelsk yn stee fan Nederlânsk-Frysk (Trincheri 2015). Fryske dielnimmers oan in enkête joegen oan dat se mear sichtberens fan it Frysk op strjitte wolle (Kuipers-Zandberg en Kircher, 2020).
Wichtige punten
Ast net bekend wiest mei de stúdzje fan talen yn iepenbiere romtes, hat it besjen fan de kaart dy wierskynlik in idee jûn fan de hoemannichte talen dy ’t ús deistich omringe en de ûnderskate plakken dêr ’t wy se fine kinne.
- Hasto ea neitocht oer it taalkundige lânskip yn dyn regio?
- Hoe sjocht it derút?
- Fielst dy fertsjintwurdige troch watst sjochst?
- Hoe soest bydrage kinne oan it foarmjaan fan de taalkundige omjouwing?
Hoe wurdt it Frysk brûkt yn de media?
Kinst it Frysk fine yn ferskate konteksten, wêrûnder printe en online media, radio en telefyzje. Yn dit haadstik leare je oer in pear kanalen dy 't harren ynformaasje yn it Frysk diele.
De regionale omrop Omrop Fryslân operearret yn it Frysk. De webside fan de omrop biedt content oan yn sawol it Frysk as it Nederlânskhttps://www.omropfryslan.nl/fyBy it harkjen nei it radioprogramma fan de omrop hearst ek beide talen. Faak prate de radiopresintatoaren Frysk, en (guon fan) harren ynterviewden antwurden yn it Nederlânsk, wêrtroch ’t radiolústerers de twatalige kultuer yn Fryslân ûnderfine.
In evenemint dat spesifyk wijd is oan de Fryske taal is de op telefyzje útstjoerd (troch Omrop Fryslân) kompetysje " It Grut Frysk Diktee ", dy 't alle jierren plakfynt. Ferskate teams konkurrearje mei-inoar yn dizze dikteewedstriid.
De teams fan dit jier (2023) bestiene út Fryske keunstners, sjoernalisten, leden fan de geastlikheid, studinten leararen basisûnderwiis, en in groep jongeren út in keet (trochstrings in âlde caravan of hutte dy 't op it plattelân troch jongeren brûkt wurdt om inoar te moetsjen)
De ûndersteande fideo jout dy ynsjoch yn hoe 't de dikteewedstriid dit jier ferrûn is.
Sosjale media
Omrop Fryslân makket regelmjittich Fryske GIFs (Graphics Interchange Format), dy 't tige populêr binne en mear as 1 miljard kear besjoen binne (giphy. com).
Benammen de jongere leeftiidsgroepen brûke GIFs as in leuke wize om te reagearjen op berjochten fan freonen op tsjinsten lykas WhatsApp of Telegram. Hjir binne twa foarbylden mei ferwizing nei popkultuer.
Mar fansels binne der ek in soad GIFs mei sporters, tv-presintatoaren of oare minsken dy 't bekend binne fia lokale media.
Der binne ek kontintmakkers op oare sosjale mediaplatfoarms dy 't harren ynhâld yn it Frysk diele en harren publyk ûnderdompelje yn de taal, lykas vloggers op YouTube.
Wichtige punten
Is de situaasje fan beskikberens fan media yn dyn taal ferlykber? Wurde der ferlykbere aktiviteiten útfierd?
- Yn de taalynstellingen fan dyn apparaten - kinst dyn taal kieze?
- Understypje tapassings en platfoarms (tink oan Windows, Office of Instagram) dyn taal?
- Wurde kommunikaasjemiddels lykas GIFs of memes in soad brûkt yn dyn taal?
Referinsjes
Cenoz, J. & Gorter, D. (2006). Linguistic landscape and minority languages. International Journal of Multilingualism, 3(1), 67-80. doi: 10.1080/14790710608668386
Edelman, L. (2014). The presence of minority languages in linguistic landscapes in Amsterdam and Friesland (the Netherlands). International Journal of the Sociology of Language, 228, 7–28. doi: 10.1515/ijsl-2014-0003
Kuipers-Zandberg, H. & Kircher, R. (2020). The objective and subjective ethnolinguistic vitality of West Frisian: Promotion and perception of a minority language in the Netherlands. Sustainable Multilingualism, 17, 1-25. doi: https://doi.org/10.2478/sm-2020-0011
Landry, R. & Bourhis, R.Y. (1997). Linguistic landscape and ethnolinguistic vitality. Journal of Language and Social Psychology, 16, 23–49. doi: 10.1177/0261927X970161002
Trincheri, M. (2015). Linguistic Landscape in Fryslân: a comparison between Ljouwert and Jorwert. Available at: https://www.academia.edu/11616885/Linguistic_landscape_in_Fryslân_a_comparison_between_Leeuwarden_and_Jorwert