OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

Skatsykje yn de biblioteek(katalogus)


Area of Interest:

Skills: Writing

Competences: Discourse competence

Age Bracket: 11 – 15

Time Commitment: Over 60 minutes

Affordability:

Materials:

– Favorite boeken meinommen troch de studinten
– Skriuwmateriaal
– Tagong ta it ynternet foar de syktocht yn de online katalogus

Expert recommendations:

Yn dizze les prate en skriuwe de studinten oer harren favorite Fryske boeken, of sette se koarte gearfettingen fan harren favorite boek (yn in oare taal) oer yn it Frysk. Yn de twadde stap sykje se troch de (lokale) biblioteek(katalogus) nei de boekoanbefellingen fan klassegenoaten en ûntdekke sa in lokale ynstelling.

Dizze aktiviteit komt oerien mei de folgjende domeinen binnen it Konseptramtwurk leargebiet Fryske Taal en Kultuer:
A. Taal leare en brûke
3. Frysk prate en skriuwe
C. Taalekspresje
8. Fryske taal belibje en ferwurkje
9. Fryske taal kreatyf brûke

Available Languages:

Library Catalogue Treasure Hunt

Stap 1: Tarieding

Freegje de studinten om harren favorite boek mei te nimmen, of in boek dat se moai fine (of in boek mei ferhalen dy’t se as bern moai fûnen). Freegje om nei te tinken oer yn hokker taal it boek skreaun is, en yn hokker talen sy en harren famylje boeken hawwe en lêze.

Stap 2: Yntroduksje

De studinten pakke harren boeken der by en elkenien lit it boek koart sjen oan de klasse en leit út wêrom’t se dit boek útkeazen hawwe. 

Stap 3: Oersetting

Elk op himsels, kinne de studinten no in koarte gearfetting fan it boek fan 5 oant 7 sinnen skriuwe yn it Frysk. As alternatyf, ôfhinklik fan de skriuwfeardigens fan de studinten, soene se yn plak dêrfan de tekst efterop it boek oersette kinne nei it Frysk, mei gebrûk fan in online wurdboek. Se kinne ek de ynhâld fan it boek gearfette yn in pear trefwurden yn it Frysk. Eltse studint einicht yn elts gefal mei in sin as in konklúzje, mei de reden wêrom’t de klassegenoaten it boek lêze moatte.

Stap 4: Gearfettingen en oanbefellingen diele

Ofhinklik fan de grutte fan de klas, kin eltse studint harren tekst foarlêze; as alternatyf kinne de gearfettingen op in muorre fan it leslokaal hongen wurde, sadat de oare studinten se lêze kinne. 

De dosint bepraat eventuele ûndúdlike termen yn it Frysk mei de studinten.

Op basis fan de oanbefellingen fan de klassegenoaten, kiest eltse studint it boek út dat se it meast nijsgjirrich fine en lêze wolle soene.

Stap 4: Undersyk yn de biblioteek

Opsje 1: De dosint fertelt de studinten dat se no op syk geane, yn in online katalogus fan de (leafst lokale) biblioteek, nei it boek dat se útsocht hawwe.

Klassikaal lit de dosint sjen hoe’t de webside der útsjocht en wurket. De studinten besykje dan it boek sels te finen. Dêrby jouwe se antwurd op de folgjende fragen:

  • Hast dyn boek fûn?
  • Yn hoefolle talen is dit boek beskikber?
  • Is it beskikber yn it Frysk? Is it beskikber yn oare talen (dy’tsto praatst)?
  • Watfoar nûmer hat dit boek? Wêr kinst it fine yn de biblioteek?
  • Is it mooglik om dit boek te lienen fan de biblioteek?

Opsje 2: De klasse giet nei de lokale biblioteek. Mei syn allen meitsje se harsels fertroud mei de organisaasje fan de biblioteek, de katalogus en de kasten. In meiwurker soe eventueel helpe kinne mei útlis. Ofhinklik fan it lokale systeem, kinne de studinten dan besykje it boek te finen dat se útsocht hawwe. Undertusken meitsje se notysjes oan de hân fan boppesteande fragen.

It advys foar de dosint, is om in pear boekopsjes klear te hawwen om op te sykjen, as it útkeazen boek net te finen is yn de (lokale) biblioteek(katalogus).

Stap 5: De les ôfslute

De dosint freget wêr’t de studinten tsjinoan rûnen ûnder de syktocht. Hoe kamen se ta in oplossing? Wat soene se ferbetterje oan de (lokale) biblioteek(katalogus) om sokke problemen te foarkommen?