OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

Lokale Natuer en Ekosystemen


Area of Interest: Traditional knowledge

Skills: Writing

Competences: Discourse competence

Age Bracket: 6 – 10

Time Commitment: Over 60 minutes

Affordability:

Materials:

Foarwerpen sammele troch de learlingen, ôfbyldingen fan lokale ekosysteemfaktoaren (net-libjend + libben), optioniel: in kaart fan de regio / Google Maps, ekosysteem yllustraasje + útprinte wurkblêden

Expert recommendations:

Language: Frisian

Translations:

Local Nature and EcosystemsVietējā daba un ekosistēmasNatureza e ecossistemas locaisLokal natur og økosystemerLokale Natuur en Ecosystemen

Stap 1: Tarieding 

De learkrêft freget de learlingen om elk 3 oant 5 foarwerpen (lykas blêden, nuten, stokken, bast, wetter, dierehier,…) mei te bringen út de natuer om har hinne. Dit kin harren achtertún of tún wêze, harren wei nei skoalle, in pleatslik park, de bosk of in oare bestimming tichteby yn de buert. 

 

De learkrêft kin ek freegje oft ien fan harren in kaart fan de regio meibringe kin of bringt dy sels mei (of beslút om Google Maps te brûken). 

 

Ekstra útprinte foto’s fan lokale plante – en bistesoarten (biotyske faktoaren) en de wichtichste abiotyske ekosysteemfaktoaren (sinne, wetter, ierde,…) binne nuttich. 

 

Stap 2: Yntroduksje 

Dy les kin yn de minderheidstaal ] jûn wurde, mar de learkrêft kin der ek foar kieze om allinne beskate termen yn de minderheidstaal ] te brûken of om mei de learlingen kaaiwurden oer te setten (stêd, bosk, mear, bergen, greide,…). 

 

De learlingen helje de foarwerpen foar it ljocht en de learkrêft freget wêr’t se de foarwerpen sammele hawwe en oft se ea natuergebieten yn de regio besocht hawwe, lykas pleatslike parken, bosken, marren, bergen ensfh. De klasse kin tegearre in kaart (of Google Maps) fan de regio besjen en de plakken dy’t de learlingen neamd hawwe, opspoare. 

 

Stap 3: Materialen en wurden sammelje 

Elk bern toant en beneamt de foarwerpen dy’t it meibrocht hat yn de taal fan de minderheid ] (of in oare taal en de klasse fertaalt de wurden mei-inoar yn [ de taal fan de minderheid ]). 

 

De foarwerpen wurde sammele en sortearre neffens kategoryen (stiennen, ierde, wetter,… = net-libben; planten, bisten,… = libben) as tarieding op stap 4 wannear’t de learkrêft dy kategoryen útlizze sil. De nammen fan de foarwerpen yn de taal fan de minderheid ] wurde op deselde wize sammele op it boerd. 

 

Dêrnei lit de learkrêft de klasse ôfbyldingen sjen fan ekosysteemfaktoaren dy’t de bern net sammelje en meinimme koene (bisten, beammen, de sinne,…). De klasse beneamt se yn [ de taal fan de minderheid ] en foeget de termen ta op it boerd neist de ôfbyldingen. 

 

Stap 4: Leare oer it ekosysteem 

De learkrêft leit dêrnei út hoe’t de foarwerpen en ôfbyldingen dy’t de klasse sammele hat, mei-inoar ferbûn binne yn it lokale ekosysteem en definiearret dizze term: Een ecosysteem is een gemeenschap van levende en niet-levende dingen die met elkaar in contact staan in een bepaalde omgeving. 

 

Der binne ferskillende soarten ekosystemen: 

Lânbasearre (terrestrise) ekosystemen 

Bosken 

Gerslannen 

Woestilen 

Toendra (yslânskippen) 

Wetterekosystemen (akatyske ekosystemen) 

Sâlt wetter (maritym) ekosystemen 

Swiet wetter ekosystemen (rivieren, marren, fivers,…) 

Ekosystemen kinne hiel lyts wêze, bygelyks in plasse, en hiel grut, bygelyks in bosk of de oseaan. 

 

De learkrêft freget de bern dy’t fan dizze ekosysteemtypen yn harren eigen regio foarkomme en út welk(e) ekosysteem(symen) har foarwerpen sammele hawwe. 

 

De learkrêft lit de learlingen no de folgjende yllustraasje sjen:

De learkrêft leit út dat de foarwerpen op de yllustraasje (dy’t ek de foarwerpen foarstelle dy’t de learlingen meibrochten) yn twa kategoryen falle: 

Libjende organismen lykas planten of bisten (biotyske faktoaren) 

Net-libbene dingen lykas de sinne, loft, wetter en boaiem (abiotyske faktoaren) 

Bios betsjut ‘libben’. 

 

Yn in ekosysteem is alles mei-inoar ferbûn, dat betsjut dat alle dingen relaasjes mei-inoar hawwe. In foarbyld fan dizze relaasjes binne itensketens:

Itenketens litte sjen hoe enerzjy trochjûn wurdt fan de iene bewenner nei de folgjende yn in ekosysteem. Planten binne de earste stap yn in ‘voedselketen’. Planten wurde dêrnei iten troch planteiters (herbivoaren) lykas in rûp. De rûp wurdt wer opiten troch in fûgel (in karnivoar). Lytsere fûgels wurde úteinlik opfretten troch gruttere karnivoaren: yn in ekosysteem lykas in bosk is dat faak in rôffûgel, bygelyks in ûle. 

 

Elke fiedselstring begjint mei in produsint (plant) dy’t enerzjy opwekket út’e sinne. De bisten dy’t planten en oare bisten ite wurde konsuminten neamd. 

 

Stap 5: De opdracht 

De learlingen wurkje no yn twatallen of lytse groepkes. Alle learlingen krije in wurkblêd. 

 

De learkrêft freget de learlingen om de nije wurden yn de minderheidstaal ] dy’t de learlingen op it boerd sammele hiene, ta te heakjen oan it wurkblêd, bygelyks ynklusyf: 

Sinne, loft, rein, wetter, plant, gers, beam, strûk, blom, rots, grûn 

Bist, fûgel, fisk 

Yn in twadde stap moatte de learlingen: 

De titel ynfolje:… ekosysteem 

Twa net-libbene dingen en twa libbene dingen labellen 

Twa produsinten en twa konsuminten labelje 

In herbivoar en in karnivoar labellen 

Tred kinne de learlingen de wite fakjes yn de ûnderste hoeken fan it wurkblêd brûke om de nammen fan 1) plantesoarten en 2) bisten út harren eigen regio, dy’t de klasse earder sammele hie, op it skoalboerd notearje yn [ de minderheidstaal ]. 

 

Stap 6: De les ôfslute 

Besprek de resultaten fan it wurkblêd fan de learlingen en it belang fan ekosystemen. Yn elk ekosysteem hat elke ynwenner syn rol en niche – as der twa deselde rol hawwe, moat der ien fuortgean of útstjerre. Dit is in fragyl lykwicht en as it fersteurd wurdt, ûntstean der problemen.