OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

It Plak Lêze Wêr’t Ik Wenje (Linguistic Landscapes)


Area of Interest: Documentation and text collection

Skills: Speaking

Competences:

Age Bracket: 6 – 10

Time Commitment: Over 60 minutes

Affordability:

Materials:

Digitale kamera’s (as ûnderdiel fan dyn telefoan of as apart apparaat), kompjûters

Expert recommendations:

Language: Frisian

Translations:

Reading the Place Where I Live (Linguistic Landscapes)“Lasīt” savu dzīvesvietu (Lingvistiskā ainava)Ler o sítio onde vivo (Paisagens linguísticas)Å lese stedet der jeg bor (Språklige landskap)De Plaats Lezen Waar Ik Woon (Linguistic Landscapes)

I Materiaalfaze 

  1. Nim dyn mobile telefoan of in digitale kamera mei en gean bûten hûs / skoalle de omjouwing ferkennen dêr’tst yn libbest. Sykje in nije fokus om dyn omjouwing te ferkennen, bygelyks buorden yn ferskillende talen en oare fisuele buorden. 

 

  1. Kies in belangrike strjitte of plein yn dyn stêd of doarp as in typysk plak dêr’t in soad minsken byinoar komme, dêr’t winkels, tsjinsten of oare dingen binne dy’t it plak libben meitsje. 

 

  1. Meitsje foto’s fan buorden yn etalaazjes, op doarren, op paadwizers of reklamebuorden ensfh. Tink ek oan non-ferbale tekens (tekeningen, foto’s, ôfbyldingen, symboalen en oare). 

 

  1. Slaan alle foto’s op dyn kompjûter op yn in aparte map. 

 

  1. Groepeer de buorden neffens kritearia dy’tst nijsgjirrich en past fynst: bgl. taal ([ mearderheidstaal ], [ minderheidstaal ], Ingelsk en oare); it njonken inoar bestean fan talen (ientalich, twatalich of meartalich, bgl. offisjele toeristyske ynformaasje yn trije talen); soarten buorden (bgl. húsnammen, strjitnammen, graffity); of it begripsnivo (begryplik tal ûnbegryplik). 

 

  1. Kies buorden dy’t yn it [ minderheidstaal ] skreaun binne of ûntwurpen binne mei symboalen dy’t de regionale kultuer of spesifike taalkundige gebrûken wjerspegelje. 

 

  1. Besjoch se en tink nei oer hoe’t dizze buorden bepaalde histoaryske perioaden, identiteiten, wearden, en it hearre ta lokale mienskippen, tradysjes en kulturele transformaasjes wjerspegelje. 

 

II Ferbale faze 

  1. Wurkje yn twatallen of lytse groepkes. Diel dyn tinzen en befiningen mei dyn klasgenoaten (besykje yn’e minderheidstaal te kommunisearjen): 

 

  • Hokker tekens hasto sammele by it fotografearjen? 
  • Hoe faak seachst [ minderheidstaal ] op dizze buorden, en yn hokker situaasjes? 
  • Hoe fieldest dy ûnder it fotografearjen en analysearjen? 
  • Watfoar útdagingen en ferrassingen kaamst tsjin? 

 

  1. Ast buorden mei húsnammen (nammen op buorden), strjitnammen of soartgelikense buorden mei nammen sammele hast, bepraat dan fragen lykas: 

 

  • Wat tinksto – wat sit der oer it algemien efter hûs – / strjitnammen en hokker ferhalen fertelle se ús? 
  • Yn hokker konteksten komme [ minderheidstaal ] nammen foar? 
  • Hoe binne de buorden ûntwurpen en hokker oare symboalen / tekens litte se sjen?
  • Wat hâldt it besitten fan in hûs yn [ regio minderheidstaal ] yn? Hokker mooglike eftergrûnen kinne hûseigeners hawwe en hokker foardielen en útdagingen kinne se tsjinkomme? 
  • Wat fertelle de nammen dy’tst fûn hast oer de identiteit fan de húseigeners en fan de lokale mienskip yn it algemien? 

 

III Mentale faze 

  1. Definearje, bepraat en ferklearje nije konsepten dy’t relevant binne yn dyn ûndersyk nei de buorden (bgl. regionale identiteit en taal, taallânskippen, semiotyk, húsnammen, strjitnammen, ensfh.) Wat betsjutte se foar dyn mienskip? 

 

  1. Sjoch nei buorden yn de mearderheidstaal en minderheidstaal. 

 

  1. Identifisearje oerienkomsten en ferskillen tusken beide talen (morfology, semantyk, pragmatyk). Meitsje in tabel dêr’t je dy oerienkomsten en ferskillen mei opmerke en ûnthâlde kinne. 

 

  1. Ried dyn stânpunten en dyn wize fan argumintearjen foar yn’e klasse oer freegje as: 

 

  • Hoe jout de offisjele konstruksje fan de iepenbiere romte fia it linguistyske of semoatyske lânskip (d.w.s. hoe buorden troch de gemeente of oare wichtige spilers brûkt wurde) de identiteit fan it plak wer? Hokker rol spilet [ minderheidstaal ] dêryn? 
  • Hasto heard dat der mear [ minderheidstaal ] of oare talen brûkt wurde soene? 
  • Wat soesto foarstelle om it taallânskip fan dyn lokale omjouwing te werstrukturearjen? 

 

  1. Fetsje de mieningen tegearre dy’t yn de diskusje nei foaren kamen en tink nei oer dyn eigen kennis, ideeën en hâldingen. Op skrift omskriuwe: 

 

  • de konsepten streektaal, identiteit en derby hearre 
  • de funksjes fan buorden yn de iepenbiere romte 
  • Wat betsjut eigendom fan in plak? 
  • Wat is in lokale mienskip? 
  • Wat is yndividuele ferantwurdlikheid en liederskip?