Area of Interest: Diverse communication settings
Skills: Writing
Competences: Discourse competence
Age Bracket: 11 – 15
Time Commitment: Under 30 minutes
Affordability:
Materials:
– Writing materials (in a group – A4 sheet and writing material for each; individually – notes or a sheet if the teacher wants to collect them)
– Access to the internet (individual option)
Expert recommendations:
Yndividueel – ûntwikkelje fan it relasjoneel tinken en fan it fermogen om de eigen ûnderfiningen te brûken om nij materiaal te learen (yn de begjinnende faze fan de les) en it ûntwikkeljen fan kritysk tinken en it fermogen om de wichtichste ynformaasje earne út helje te kinnen (yn de gearfetting fan de les). Dit is in soarte fan strategy wêryn’t weromhelle wurdt en gearfette wurdt wat der leard is.
Yn in groep – ûntwikkelje fan it relasjoneel tinken en it fermogen om de eigen ûnderfiningen te brûken yn ferskillende taken, as ek om in ynformele sfear te kreëaren yn it leslokaal. Yndirekt wurde de skriuw- en praatfeardigens fersterke.
Dizze aktiviteit komt oerien mei de folgjende domeinen binnen it Konseptramtwurk leargebiet Fryske Taal en Kultuer:
- Taal leare en brûke
- Frysk prate en skriuwe
- Taalekspresje
- Fryske taal belibje en ferwurkje
- Fryske taal kreatyf brûke
Opsje 1 (yndividueel)
Begjinnende faze
Stap 1: Assosjaasjes skriuwe
De dosint yntrodusearret it ûnderwerp fan de les (it leafst in ûnderwerp wat mei it Frysk of de Friezen te meitsjen hat) en freget oan de studinten om koart op te skriuwen wêr’t se it ûnderwerp mei assosjeare, fan de eigen ûnderfining út, troch antwurd te jaan op de fragen:
Wa?
Wat?
Wa docht wat?
Wannear?
Wêr?
Wat wie de útkomst?
As se in fraach net beäntwurdzje kinne, litte se de fraach leech en folje se it yn wannear’t it ûnderwerp besprutsen wurdt.
It ûnderwerp kin it bêste in histoarysk figuer wêze. Yn mear foardere klassen soe it ek oer in tradisjoneel, geografysk of sosjaal ûnderwerp gean kinne.
Stap 2: Lês assosjaasjes en folje oan
De dosint freget 1-3 studinten (frije kar) om harren assosjaasjes foar de lêzen, dy’t oanfold en útlein wurde sadat eltsenien in idee hat fan wat se oan it learen binne.
Oan de ein fan de les
Stap 1: Meitsje in gearfetting fan de les
De dosint freget de studinten om de les gear te fetsjen, mei gebrûk fan deselde fragen, mar mei klam op trefwurden of koarte punten. As der dingen ferjitten of net heard binne, meie oare helpmiddels brûkt wurde (notysjes of it ynternet).
Stap 2: Gearfetting
De dosint freget 1-3 studinten (frije kar) om harren gearfetting foar te lêzen. Klassegenoaten folje oan en lizze út wat net begrepen wurdt.
Opsje 2 (groep)
Stap 1: Skriuw assosjaasjes of trefwurden
Oanbefelle oan de ein fan de les. De dosint dielt A4-blêden út en freget eltsenien om harren assosjaasjes mei of trefwurden op te skriuwen. De betingst is dat it ûnderwerp fan de les hjirby sintraal stiet. Wannear’t eltsenien harren antwurd op de earste fraach (Wa?) opskreaun hat, wurdt it blêd troch de helte fâlde, sadatst net sjen kinst wat der op stiet, en trochjûn oan de folgjende studint. Dizze skriuwt it antwurd op de folgjende fraach op (Wat?) en docht it selde – it blêd wer troch te helte fâldzje en trochjaan oan de folgjende persoan. Dit giet sa troch oant alle oare fragen beäntwurde binne (Wa docht wat? Wannear? Wêr? Wat wie de útkomst?).
Stap 2: Lês de teksten
Alle studinten lêze harren teksten, dy’t se skreaun hawwe, mei assosjaasjes en trefwurden oer it ûnderwerp fan de les. Dizze teksten wurde altyd skreaun mei in doasis ferwûndering en humor, it basismateriaal is ek útlein mei humor, en de studinten kinne opmerkings dwaan oer of fierder útlizze wat der yn de tekst stiet, as it no giet oer de logyske ynhâld of de kreative farianten. De kreative teksten kinne ek iepen fâlde wurde, sadat oare klassen dit ek besjen kinne (de nije kreative teksten kinne ek publisearre wurde – yn de skoalkrante bygelyks).
Notysje: mooglik kin de dosint ek bepaalde grammatikale parameters jaan, spesifyk foar it antwurd op de fraach “Wat hat hy/sy dien?”, om oan te jaan dat der in spesifyk soart tiidwurd brûkt wurde moat. Dit kin ek foar de fraach “Wat wie de útkomst?”, wêrby’t dan allinnich in spesifyk type sin brûkt wurde kin (haadsin mei bysin, gearstalle sin, útrop, ensfh.).
