OWL+

Ownership and Leadership: Pathway for (Endangered) Languages’ Use in School

De beam omskriuwe


Area of Interest: Traditional knowledge

Skills: Speaking

Competences: Discourse competence

Age Bracket: 11 – 15

Time Commitment: 30 – 60 minutes

Affordability:

Materials:

If the activity is done as an excursion (recommended): Shoes and clothes suitable for outdoor activities

If the activity is done in the classroom: pictures of one or several trees, in close-up and overview

Expert recommendations:

Available Languages:

Describing the Tree

Yn dizze les geane de studinten prate en/of skriuwe oer in objekt yn harren omjouwing – in dit gefal hawwe wy keazen foar in beam. It doel is om de fokabulêre en it selsfertrouwen yn it gebrûk fan it Frysk te fergrutsjen. De aktiviteit is fleksibel en kin oanpast wurde nei it nivo yn it Frysk fan de studinten. Studinten op it basisnivo kinne in fysike omskriuwing fan de beam jaan. Mei in gruttere taalfeardigens, kinne studinten besykje om de ekologyske rol en it tradisjonele gebrûk (funksje, eigenskippen, prosessen) fan de beam beprate. De aktiviteit is dus geskikt om de studinten yn kontakt te bringen mei harren omjouwing, en mei tradisjonele kennis op dit gebied.

Stap 1: Tarieding

De dosint ynformearret de studinten en riedt (eventueel) in ekskurzje nei it bosk/park ta. Dit wurdt dien om de ferwachtingen  fan de studinten fêst te stellen en yn ‘t foar ynformaasje te jaan. Hjirby giet harren oandacht nei de doelen fan de aktiviteit. 

Opsjoneel: “Taalsônes” fêststelle yn it bosk/park 

De dosint en studinten kinne yn ‘t foar ôfprate dat yn it bosk/park allinnich it Frysk brûkt wurde mei. As alternatyf soe ôfpraat wurde kinne, om in lyts part fan it bosk/park as in aparte “sône” te beskôgjen, wêr’t oare talen brûkt wurde meie, sadat de dosint helpe kin de goede wurden en útdrukkingen te finen yn it Frysk (mei help fan it Nederlânsk, bygelyks). 

Opsjoneel: Binnenaktiviteit 

De aktiviteit kin ek yn it leslokaal dien wurde, as in ekskurzje net mooglik is. 

Stap 2: Petear yn/oer it bosk/park

Meitsje in sirkel en gean it petear oan. De dosint moat taret wêze om hjir oan mei te dwaan en, wêr nedich, te helpen om de goede wurden en útdrukkingen te finen. 

Studinten kinne ferskate nivo’s hawwe yn it Frysk, mar it fokusjen op in bekend objekt makket it petear mooglik. Studinten dy’t op in leger nivo sitte kinne leare fan de studinten mei in heger nivo, en degene op in heger nivo kinne mear selsfertrouwen opbouwe en hegere taalfeardigens berikke. 

Op is basisnivo wurde fûnemintele wurden en simpele sinnen stipe troch de observaasje fan in konkreet en bekend objekt. Studinten mei hegere taalfeardigens wurde oanmoedige om mear komplekse sinnen te brûken, utering te jaan oan djippere kennis, komplekse relaasjes en prosessen, en om te putten út widere konteksten. Dit bout oan de taalfeardigens foar it yndividu en foar de groep, en noadiget út ta refleksje op de kulturele en sosjale kontekst. Wy stelle twa sets fan fragen foar: oer de ekologyske en de tradisjonele kontekst. 

Basisnivo: Fysike omskriuwing fan de beam

  • Omfang, kleur, geur, oantal takken, it oerflak fan de bast en blêden, hoe’t it fielt om oan te reitsjen, ensfh.
  • Fergeliking mei oare beammen. Petear oer hokker oare beammen der yn de omjouwing binne: nammen fan de ferskillende beammen en type beammen/bosken 
  • Petear oer eigenskipswurden as grut/lyts, jong/âld, breed/tin, ferskillende kleuren en skakearingen. 

Foardere nivo 1: Ekologyske kontekst, prosessen en koheezje

  • Wat hat in beam nedich om te bestean? 
  • Wat biedt de beam foar it bestean fan oaren? 
  • Hoe groeit in beam? Hoe giet er dea, hoe brekt er ôf, hoe plantet er him fuort?
  • Wat is de konneksje tusken de beam en de fûgels en bisten yn dit gebied? 
  • Wat is de rol fan de beam en bosken yn de globale klimaatkontekst? 

Foardere nivo 2: Tradisjonele kontekst, prosessen en koheezje

  • Hoe kin dizze beam (of dit type beam) brûkt wurde as materiaal? 
  • Hoe binne spesifike eigenskippen fan de beam geskikt foar in bepaald (tradisjoneel) gebrûk? 
  • Hoe kinst it hout, de bast, it hars of de blêden brûkt wurde, op tradisjonele of ynnovative wize? 
  • Kinsto prosessen en aktiviteiten rûnom it oogsten en bewurkjen fan dizze grûnstoffen omskriuwe? Foar watfoar wurk of produkten kinst (dielen fan) de beam brûke? 

Stap 3: De les ôfslute 

Lit de studinten koart presintearje wat se heard, sjoen of betocht hawwe. De dosint kin fragen stelle oer wat se besprutsen hawwe ûnder de les. Hawwe se nije wurden leard, of wat nijs leard oer de konsepten ekology en tradysje? 

Wannear it tiid is om it bosk/park út te gean, kinne de studinten reflektearre oer hoe’t je sa’n omjouwing ferlitte/achterlitte. Dit draacht by oan it ôfsluten fan de les en as in tarieding op it weromgean nei de skoalle-omjouwing.